woensdag 22 februari 2017

Fan útsûndering nei regel

Gastbydrage fan Anne Merkuur

Ferlykje de de beide lêste wurden yn de folgjende sintsjes:
 

a             Juster haw ik mei him praat
b             Juster haw ik mei him praten

Hjoed-de-dei brûke hast alle Friezen hjir ‘praten’ yn stee fan de geef Fryske foarm ‘praat’. En lyksa brûke se ‘melden’ yn stee fan ‘meld’, ‘setten’ yn stee fan ‘set’, ensfh. Gjin direkte Hollânske ynfloed, want dy foarmen mei -en lykje ommers just net op har Hollânske tsjinhingers ‘gepraat’, ‘gemeld’ en ‘gezet’.

500 jier lyn kamen dizze foarmen al yn it westlike part fan ús provinsje foar. Sa fine wy al in fariant fan ‘setten’ yn in Jirnsumer oarkonde út 1507:

   dat hij sijn zegel alhier op satten hat (dat er syn segel hjir op set hat)

Iuwenlang hawwe dizze -en foarmen bestien as (súd)westlike dialektfoarmen, mar yn rûchwei de ôfrûne 75 jier hawwe sy har útwreide oer de hiele provinsje. Tsjintwurdich wurdt der dus yn it oergrutte part fan de provinsje earder frjemd opsjoen wannear’t jo sintsje a brûke, as wannear’t jo sintsje b brûke. Se stean sels al nêst de geve foarmen yn it wurdboek. Noch even, en it is geef Frysk.

1 opmerking:

  1. Soe it sa wêze kinne dat sa'n ferskynsel him net allinnich yn geografyske sin ferspriedt, mar ek yn 'e wurdskat sels? Ik bedoel te sizzen: ús heit en mem (Grousters) seinen geef 'praat' en 'set', mar wol rêde-rêde-rêden.
    En noch in fraach: is it sa dat 'pleönastysk' praten (mei -en = mulwurd) op 'e ien as oare manier lykop rint mei sjoen-d (wêr't we pleönastysk swak-op-sterk sjogge, yn pleats fan oarsom)?

    BeantwoordenVerwijderen