donderdag 26 januari 2017

Je soene it sa net mear sizze

Gastbydrage fan Bouke Slofstra


Je soene it sa net mear sizze, want dat heart in bytsje âldmoadrich. Tsjintwurdich soest it sa sizze. In nuveraardich ferskynsel, dat soest en soene yn ‘e betsjutting fan ‘men soe’ of ‘de minsken, yn it algemien, soene’.  
Yn in hiel soad talen is it hiel gewoan om de do-foarm fan in tiidwurd te brûken foar in algemiene útspraak. People are strange when you ‘re a stranger. Sa’n sin komt net út in dialooch. De you yn dit foarbyld is in tinkbyldige ‘do’, dy’t elkien wêze kin. It hat in wat ynformeel lûd, omdat de harker, sa’t it liket, sels oansprutsen wurdt. Boppedat wurdt yn al dy talen de ynformele do-foarm brûkt yn pleats fan de jo-foarm. Dat it hat der alles fan dat “je” yn “je soene” net streekrjocht fan it Fryske “jo” komt, mar in soarte fan lienwurd út it Hollânsk is. It kaam yn de 18de ieu al foar, yn de “hollânske” foarm “je”.

woensdag 18 januari 2017

Dat is net sa slim


Stel dy de folgjende situaasje foar:  do hast krekt de antike faas fan beppe sneuvelje litten by it himmeljen fan har kastke. Nei in pear kear goed sykheljen en mei triennen yn de eagen silst it oan beppe fertelle. Beppe seit: 'Dat is net sa slim!'. No soe it eventueel sa ôfrinne kinne: do seist 'nee dat snap ik ek wol dat dat net sa slim, ik bin ek net ûnnoazel!' wêrby’t de sfear net bot ferbettere is. Beppe begrypt der hielendal neat fan, want dy fûn it net sa 'slim' yn de sin fan it Nederlânske 'erg'. 
De jongere generaasje brûkt faak 'slim' yn de Nederlânske betsjutting. Yn it Frysk soenen jo dan sizze 'dat is net sa tûk' of 'wat ûnhandich fan dy'. Dyselde jongere generaasje brûkt om te sizzen 'dat iets niet zo erg is', 'dat is net sa erch'. Fansels is dy skiedsline tusken jong en âld net in hurden ien, dus freegje foaral efkes nei wat der no krekt bedoeld wurdt.

woensdag 11 januari 2017

In bytsje stom


Stomme letters komme yn it Frysk in soad foar. Yn it wurd dwers wurdt de r wol skreaun, mar net útsprutsen [dwes]; en in oar foarbyld: hy rydt te hurd [hut]. De r wurdt dan in stomme letter neamd. Mar der binne inkelde gefallen dêr't de r net sein wurdt, mar dochs in bytsje ynfloed hat op de útspraak. Wy sprekke bern net út as [ben], mar as [bên]. Under ynfloed fan de r wurdt de koarte e ferbrede ta ê (of ferlinge, sa't jo wolle). Dat jildt ek foar de wurden gers [gês] en (be)ferzen [fêzen]. De oanwêzichheid fan de letter r sil de reden wêze wêrom't dy wurden gjin kapke (breed teken) krije, hoewol't dat om 'e útspraak wol moatte soe. Tink derom dat fers en fersen (lieten) dy lange ê-útspraak net krije [fes, fessen].