woensdag 21 december 2016

Wat is der mis mei ‘iepenbier ferfier’?

Gastbydrage fan André Looijenga



Ferline wike waard it ‘meast ferskriklike’ Fryske wurd keazen: wiif. Myn kar hie it net west, mar it is te begripen. Oarspronklik betsjut it gewoan ‘troude frou, echtgenoate’, mar allinnich âldere mannen brûke ‘it wiif’ noch op dy manier. Foar de measte Fryskpraters klinkt ‘wiif’ yntusken ridlik ûnfatsoenlik. Foar guoddens () blykber sels misledigjend.

Yn de top-5 fan ferskriklike wurden stiet lykwols ek ‘iepenbier ferfier’. Apart. Fansels reizget net elkenien graach mei bus of trein, mar dêr wurdt it wurd op himsels net ympopulêr fan.

Miskien dat it oan de /ie/-lûden lein hat? Dy klinke ommers suver as piipjende remmen. Se meitsje dat ‘iepenbier ferfier’ nammerste mear opfalt as in lienoersetting út it Nederlânsk.

Lienoersetting is in fertroud taalkundich prosedee, sawol by it skriuwen as it praten. It risseltaat is soms dat it Frysk telâne komt op in oar nivo as foarhinne. Net elk is soks wend, miskien wol om’t se by gebrek oan goed ûnderwiis yn it Frysk mei nuvere foaroardielen opskipe sitte oer harren taal. Mar foar my heart iepenbier ferfier yn deselde kategory as bgl. ‘riedsgearkomste’ en ‘sûnenssoarch’ – folle poëzij sit der net yn, mar se hearre ûndertusken al by it Frysk.

Bliuw ik dochs sitten mei nóch in fraach. Wat skeelde der dan neffens de ynstjoerders yn de frede oan it moaie nij-Fryske wurd ‘pjutteboartersplak’...?

woensdag 14 december 2016

Fryske spam


Spam, jo witte wol fan dy mails oer Viagra, ûnbekende froulju of manlju dy't mei je ôfprate wolle - of jild ôfhandich meitsje wolle - en nijs dat je de jackpot wûn hawwe. Meastentiids mail dy't je fuortendaliks mei de deleteknop nei de 'spamhimel' stjoere. Mar yn septimber 2016 kaam der by mannich Fryske organisaasje wol in hiel bysûndere spammail binnen; hy wie nammentlik folslein yn it Frysk! Ik stel my dan sa foar dat ien in moai sneu ferhaal betocht hat - yn dit gefal dat ien net langer te libjen hat as 3 moanne - dat ien dan tinkt: "kom litte we Google Translate ris brûke en in nijsgjirrige taal útsykje. Hee Frysk, dat is nij! Miskien hawwe se yn Fryslân wol nea fan 'spam' heard. Ja dat sil ik ris besykje! En dan skriuw ik derby dat myn Fryske taal net sa goed is, mar dat begripe se grif wol omdat ik út Koeweit kom." Dat falt dochs ûnder de kategory 'sympatike spam'. Dêrneist nimt de Fryske taal tagelyk yn status ta, want no't der ek spam yn it Frysk is, dogge je as pas echt mei!  
De spam mail kinne je hjir fine: http://www.praatmarfrysk.nl/earste-fryske-google-translate-spam/

woensdag 7 december 2016

It liket nei fleanen

Op itnijs.frl waard yn 'e rubryk Opfrysker fan 't simmer frege om in Fryske wjergader foar it Ingelske ‘jet lag’ (Holl. jetlag). Dêr kamen moai wat reaksjes op. It giet om lichaamlike ferskynsels troch tiidsferskil by lange fleanreizen. Jet is letterlik oerset striel(fleantúch) en lag is efterstân (tekoart). Winliken seit it Ingelske wurd net mear as 'efter de pûst'. Mar it begryp hâldt folle mear yn. Njonken it hurd fleanen en it ynheljen fan 'e tiid, ek lichaamlike klachten, lykas wurgens. Sjoch ris nei de rykdom fan de útdrukkingsmooglikheden yn it Frysk: fleanwurgens; fleantebekslach; fleanlam, tiidferties, fleandwyl, tiidlek, fleanbrek en sliepferskik. [Mei tank oan ferskate ynstjoerders.]

woensdag 30 november 2016

'mei ’k net!'


Hoe frustrearjend kin it wêze: alles út ’e kast helle om se in lekker miel iten foar te setten en dan roppe de bern ‘mei ‘k net’. En heit of mem ropt dan: ‘Wat binne jim sinnich!’ Net allinnich bern binne ‘sinnich’, grutte minsken helje har de noas ek op foar soms it lekkerste iten. Of it moat krekt sa en sa klearmakke wêze en optsjinne wurde. 
Oare wurden foar sinnich binne pluzerich, iensettich, kiezzich, griisitich, piuwich, piz(er)ich en tier. Om te fersterkjen wurdt wol sein dat immen sa tier as in murd is, of: ‘meist dat ek al net, wat bist ek in tiere murd!’. Binne der noch mear wurden foar sinnich? En binne der ek lêzers fan bûten de Wâlden dy’t de ferbining ‘tiere murd’ foar sinnich persoan kenne?