dinsdag 20 oktober 2015

hurdkûters en hûnekoppen

Yn it nûmer 'rûchhouwer' fan de Fryske band De Hûnekop sjongt it refrein: ‘Ik bin in rûchhouwer, in rouwdouwer / In hurdkoeter, ...’. Eigenaardich wurd, dat ‘hurdkoeter’, of better stavere: hurdkûter. In hurdkûter is in ûnfersetlik persoan, in hurdkop. In hurdkûter is oarspronklik in hjerring mei kût. Neist ynmakke yn it soer of mei sâlt, wurdt hjerring ek wol rikke. Sa'n rikke hjerring of hurdkûter kin 'hurd kût' yn him hawwe en dat jildt as in delikatesse. Figuerlik brûkt is it dus in hurdkop en in echt wurdt foar de De Hûnekop!

woensdag 14 oktober 2015

Mei klam


De klam (‘klemtoon’) fan in wurd kin bepalend wêze foar de betsjutting fan it wurd. Der is yn it Frysk in aardich rychje tiidwurden (‘werkwoorden’) dat in oare betsjutting kriget as de klam oars lein wurdt. In foarbyld is 'ûndergean'. Leit de klam op ûnder, dan betsjut it 'nei ûnderen ta gean' (foarbyld: de sinne giet ûnder). Leit de klam op gean, dan betsjut it 'ûnderfine' (hy moast in operaasje ûndergean). As de klam op it earste wurdlid leit, wurdt it tiidwurd yn de doetiid skieden. Fergelykje: 'de sinne gie ûnder' en 'hy ûndergie in operaasje'. Mear foarbylden binne û.o. oerrinne, omklaaie, oerdriuwe, trochlibje, oerstreame, oerkomme. It ferskynsel docht him trouwens net allinnich foar by tiidwurden. Der binne mear wurden dy't fan betsjutting feroarje as de klam oars lein wurdt. In foarbyld is 'trochtocht', dat mei klam op it earste lid in haadwurd (‘zelfstandig naamwoord’) is, en mei klam op it twadde lid in eigenskipswurd (‘bijvoegelijk naamwoord’).

woensdag 7 oktober 2015

Is in dispút in petear?

Wurden yn it Frysk dy't mei ge- begjinne, dogge net sa Frysk oan en boppedat hawwe se hiel faak in frijwat negative gefoelswearde: gedoch, geheister en getsier. It Frysk hat ek geëamel, geseur en gepraat, mar net gesprek. Wy hawwe wol petear en petearje, dat oan it Frânske disputer ûntliend is en yn it Aldfrysk al as petēria (sûnder ‘dis’) foarkaam. Mar wêr is dat dis- eins bedarre? Waard dat faaks oanfield as in foarheaksel mei in negative konnotaasje en docht disputearje tinken oan diskwalifikaasje, disfunksje en disharmony? Yn alle gefal is it eins wol moai dat petear in neutrale betsjutting hat. Want wy kenne ek de wurden diskusjearje en disputearje en dêrby giet it om in striidpetear.