woensdag 27 mei 2015

Skyt-, stront- en rot-

Yn it Frysk besteane der ferskillende foarheakseleftige wurden dy’tst brûke kinst om ôfkarring út te drukken. In ferfelend boek kinst in rotboek, skytboek of strontboek neame. Dy 'foarheaksels' wurde net allegearre itselde brûkt. Skyt- wurdt faak brûkt by ferlytsjende wurden. Tink mar ris oan in skytlytsbytsje. Stront- docht it goed by eigenskipswurden: stronteigenwiis, strontferfelend. Rot- is júst wer goed te kombinearjen mei haadwurden: rotfyts, rotbist

dinsdag 19 mei 2015

Foarsizze wat in oar opskriuwe moat

20 maaie stjoert Omrop Fryslân it Grut Frysk Diktee 2015 út. It wurd ‘diktee’ skriuwe wy yn it Frysk mei in k (want dy sizze wy ek!) en yn it Nederlânsk mei in c: ‘dictee’. It is in lienwurd en komt fan it Frânske wurd ‘dictée’ dat wer fan it tiidwurd ‘dicter’ komt en it selde betsjut as ús ‘diktearje’. Uteinlik is ‘dicter’ dan wer Latyn en yn dy âlde taal betsjut it ‘foarsizze wat in oar opskriuwe moat’. Om de haadpriis fan it Grut Frysk Diktee te winnen moatte de kandidaten dy betsjutting har mar goed neinimme!

woensdag 13 mei 2015

We gaan zo die kant op: frisismen

De Afûk hat der al twa boekjes oer makke; Frisismen yn it Hollânsk. De titel fan it boekje is: Mijn vrouw is uitgenaaid. No hoege frisismen net altyd sa foar de hân lizzend te wêzen. Wisten jim bygelyks dat ‘beurs’ (portemonnee), ‘opfietsen’ (samen fietsen) en ‘ik ga zo die kant op’ ek typyske frisismen binne? Fierder hearre je noch wol gauris: ‘pakjedrager’ ynstee fan ‘bagagedrager’. Wat ek in typysk frisisme is, is ‘nieuwsgierig’. Dit wurdt wol brûkt yn it folgjende ferbân: ‘dat vind ik wel heel nieuwsgierig’ ynstee fan ‘dat vind ik wel heel interessant’. It wurdt ek sa wol brûkt: ‘ik ben daar wel nieuwsgierig naar’ ynstee fan ‘daar ben ik wel benieuwd naar’. ‘Waar kom je weg’ (waar kom je vandaan), is ek wat dat in Frysktalich persoan dy’t Nederlânsk praat, ferriedt.

donderdag 7 mei 2015

Hokker jirpel hat de foarkar?

In lânbouprodukt om grutsk op te wêzen: de ierappel, ierpel, earappel, earpel, jerappel of rejappel, of … Ja, hoe hjit er eins. Foar de measten noch altiten deistige kost, mei in deistige beneaming. Dêr sil it wol fan komme dat der sa folle ferskillende foarmen binne, fan ierappel oant jirpel en fan earappel oant rjejappel. It Frysk hânwurdboek fan 2008 jout ierappel, ierpel, earappel, earpel, jerappel, mar der binne grif mear as tsien útspraakfarianten. De skriuwfoarm dy't it faakst foarkomt en dy't yn de Fryske wurdboeken de haadyngong is, is ierappel. Dy foarm is dêrom ek opnommen yn de foarkarswurdlist foar it Frysk (http://taalweb.frl/foarkarswurdlist).
Klik hjir om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal oer de ierappel seit.
(set in finkje yn de hokjes efter subbetekenissen en citaten om it hiele artikel te sjen).