donderdag 27 november 2014

Poëtyske skimmels of skimmelige poëzy?

No’t it hjerst is, binne se wer op in soad plakken te sjen: poddestuollen. Guon fan dy skimmels drage hiele fraaie nammen. Hjir foar jim in lytse seleksje. Bygelyks it sompemoas-fjoerswamke, de puntmûtswaaksplaat en it sabeare feeëbankje. Guon nammen alliterearje sa moai dat se poëtysk oandogge: swarte skûtelbonkjeswam, stipstâlslymkop, ploaiplaatswamke. Der binne poddestuollen by dy’t neamd binne nei dingen: de biskopsmûtse en it filtich judasear bygelyks. En wat te tinken fan de donkere trompetswam? Der binne ek poddestuollen dy’t nei iten neamd binne. Rint it wetter jim al yn de mûle fan de bittere tsiisswam en de filtige maggyswam? Of dochs leaver in brunesûkerswam of in fiskswam?

woensdag 19 november 2014

Les dyn les

Ut ûndersyk docht bliken dat yn it Frysk twitterjende jongerein de dakjes en streekje net op de letters set. Wat in geseur, dy dakjes en streekjes: twa kear safolle toetsen yndrukke! Mar dakjes en streekjes helpe om de wurden goed te begripen: ferlykje ‘les dyn les ris wer’ mar ris mei ‘lês dyn les ris wer’. Men kin sizze: wat binne dat luie lju, dy twitterders, mar miskien kinne wy ek in nije stavering foar twitter ûntwerpe om misferstannen tefoaren te kommen. Kinne wy in nij, maklik teken op it toetseboerd foar de ê betinke, om lês en les útinoar te hâlden?

woensdag 12 november 2014

In profesjonele styl

It Fryske wurd styl (fêste, gebrûklike wize fan dwaan/gehiel fan karakteristike útdrukkingsfoarmen) is yn it Hollânsk stijl. Dy taal hat ek it (fer)âldere wurd stiel, mar dat is hiel wat oars: beroep, ambacht. In Fryske sjongeres hat yn in fraachpetear mei in sjoernalist fan in Hollânsktalige krante wat sein oer har wize fan sjongen. “Dat is mijn stiel.” stie der te lêzen. Yn it stikje gong it lykwols net oer it fak, mar oer de ‘zangstijl’. Soe sy faaks by fersin styl (frisisme) tsjin de kranteman sein hawwe, wylst se stijl bedoelde?

woensdag 5 november 2014

Fan hang- en hingelmatten

It Nederlânske wurd ‘hangmat’ komt net fan ‘hang’ en ‘mat’, mar fan it Spaanske ‘hamaca’, dat ûntliend is oan it Taino, de taal fan de Arawak-yndianen op Haïty. It betsjut ‘hingjend sliepplak’. It is in moai foarbyld fan folksetymology. It moaiste is noch dat ‘hangmat’ yn it Frysk oerset is ta ‘hingelmatte’. It taalpuristyske, hyperkorrekte ‘hingelmatte’ is perfoarst gjin grap: it bestiet al sûnt 1850 yn it Frysk en is as serieus wurd opnommen yn de Fryske wurdboeken.