vrijdag 20 september 2013

It unike Wûrsterfrysk fan Lân Wûrsten

Tusken Bremerhaven en Cuxhaven (Dútslân) oan oare kant rivier de Wezer leit "Land Wursten".  It is in stripe klaailân fan sa likernôch 100 km² grut foar de sânrêch tusken boppeneamde stêden.  Dêr lizze doarpen mei nammen as Weddewarden, Imsum, Mülsum, Misselwarden en Dorum. Dy nammen hearre aardich Frysk yn de earen en dat binne se ek.  Ien fan de ferneamdste systematyske terpôfgravings mei dy fan Ezinge (Grinslân) wie dy fan Feddersen Wierde yn Lân Wûrsten.
Nei alle gedachten hawwe Friezen út East-Fryslân har dêr omtrint 1000-1200 nei wenjen set. Dat it Friezen wiene docht bliken út it Wûrster Frysk dat dêr oant likernôch 1700 de taal west hat. Ut  dy tiid binne  twa wurdlisten mei in beskriuwing fan it Wûrster Frysk fan doe oerlevere. It fierdere East-Frysk tusken Iems en Wezer  wie doe al aardich yn it neigean rekke, útsein yn Harlingerlân en op Wangereach. Dat libbet hjoed-de-dei allinne noch fierder yn it Sealterlânsk.
It Wûrsterfrysk wie ta op in hichte unyk Frysk. Sa wie ien fan de bysûnderheden dat twaliddige wurden fan it Aldfrysk út har ûntjoegen ta ienliddige lykas sunu ta bygl. soan, ûntjoech him dat yn it Wûrsterfrysk krekt oarsom:  fan sunu ta snuh.  Lyksa Aldfrysk sumur (simmer) nei Wûrsterfrysk smuhr.

vrijdag 13 september 2013

By Dokkum om nei Rome en Jeruzalim

De nammen fan stêden en doarpen wurde wol yn sechjes en siswizen brûkt. 'By Dokkum om gean' betsjut  dat men gâns wurden nedich hat om wat te fertellen. Rome hat ek in plakje yn de taal krigen, omdat it in âlde, histoaryske stêd is. De útdrukking 'sa âld as de wei nei Rome' is ûntstien, om't it Romeinske Ryk as earste yn Europa ferhurde wegen oanlei. Mei Rome as wichtichste sintrum dêr alle wegen giene út wei giene.
De siswize 'in frjemdling yn Jeruzalim wêze' betsjut ûnbekend wêze mei de saken en persoanen fan de krite dêr't men wennet. Dat komt út de Bibel (Lukas 24:17). Twa manlju freegje dêr oan in foarbygonger oft er dan de iennichste is dy't frjemd yn Jeruzalim is, dat er net wit, wat him dêr de lêste dagen ôfspile hat. Dat sizze dy manlju omdat dy foarbygonger net op 'e hichte liket te wêzen mei de krusiging en opstanning fan Jezus, wylst elk it dêr doe oer hie.