donderdag 28 maart 2013

It lûk luiken

Us Fryske lûke betsjut hjoed-de-dei 'mei krêft nei jin tahelje': oan it tou lûke. Dat komt oerien mei it Nederlânske trekken: aan het touw trekken. It Nederlânsk hat ek luiken. Dat betsjut lykwols net 'trekken', mar 'sluiten, dichtdoen': de ogen luiken. Fgl. ek oogluikend (krekt dwaand as sjocht men neat,  mei de eagen ticht)en geloken (geloken ogen), it mulwurd fan luiken. It Fryske lûke betsjutte eartiids al 'slute, tichtdwaan'. Fan luiken en lûke binne de wurden luik en lûk ôflaat en dy hawwe beide wol deselde betsjutting 'boerd, blêd dêr't in iepening mei ôfsletten wurde kin'.

vrijdag 22 maart 2013

Het Friese eiland

It Frysk lient oan ien tried wei wurden út it Nederlânsk, mar it hat ek wol oarsom west. Guon hiele gewoane Nederlânske wurden binne fan Frysk komôf. Ien sa'n wurd is 'eilân'. Dat is nammers al hiel lang lyn ûntliend. It komt foar it earst yn it Nederlânsk foar yn  in tekst út it jier 1240. It wurd 'ei' betsjut 'wetter'. Besibbe foarmen fine wy yn wetternamen lykas (Dokkumer) Ie. Yn de namme fan it eilân Skiermûntseach fine wy de foarm 'each', dy't dêr ek oan besibbe is. En de ø yn de Noarske eilânnamme Utøya is fan itselde komôf.
Foar mear ynformaasje oer eilân, Sjoch op Etymologiebank.nl

donderdag 14 maart 2013

Nóch in heit of mem


Foarst en oard wol sizze: (de) earste en (de) twadde yn b.g. de foarste en de oarde printing fan in boek. Dat oard sit û.o. yn oardel (oardeheal = 1½).  Oarde is ek werom te finen yn oarreheit en oarremem. Dat binne oare beneamings foar pake en beppe. It plak fan pake en beppe yn in húshâlding waard blykber besjoen as in twadde heit en mem. Om't der twa pakes binne, ien fan heitekant en ien fan memmekant, is it wol maklik dat der twa wurden foar binne: de iene is pake en de oare is oarreheit. Beppe en oarremem lyksa. Wa brûkt dy wurden noch?

woensdag 6 maart 2013

De ringfinger


De nammen fan wiisfinger en middelfinger litte har maklik ferklearje: men wiist mei de wiisfinger en de middelfinger is de middelste fan de fiif fingers. De ringfinger hjit sa om't de trouring om dy finger dien wurdt. Eartiids waard dat dien omdat de minsken tochten dat der in streekrjochte bloedtafier fan it hert nei de ringfinger rûn. It hert as teken fan leafde waard sa ferbûn mei de trou dy't troch de ring symbolisearre waard en noch altyd wurdt. Yn oare talen hjit de ringfinger ek wol 'finger sûnder namme' (bgl. yn it Sineesk en it Sanskryt).