maandag 24 december 2012

krysttiid

It earste diel fan it wurd 'krysttiid' komt fan de namme Kristus, ien fan de beneamingen fan Jezus en betsjut 'salvling'. Yn Bibelske tiden waarden keningen en profeten mei oalje salve as wijing ta har taak. Yn it Aldfrysk kaam de namme Kristus noch folút foar yn it wurd krysttiid: 'kristestiid'. Letter is dat ferkoarte ta 'kristtiid' en is de útspraak fan de i nei in y tagien: krysttiid. Wat opfalt is dat it Nederlânsk yn bygelyks it wurd kerstfeest de foarm 'kerst' hat, mei in 'e', en mei de 'r' nei de 'e'. Dat 'kerst' komt ek fan Kristus (Christus). Dy Nederlânske foarm 'kerst', is al hiel âld, op syn minst út de trettjinde ieu. 'Kerst' kaam eartiids allinnich mar foar yn gearstallings as 'kerstnacht' en 'kerstmis'. Hjoed-de-dei komt 'kerst' ek los foar, as ferkoarting fan kerstmis: 'We krijgen een witte kerst'. Yn it Frysk wurdt 'kryst' as ferkoarting fan 'krystfeest' as Hollanisme beskôge. Mei krysttiid krije wy gjin 'wite kryst' dus!

dinsdag 18 december 2012

Friesland, USA



Der binne yn de Feriene Steaten trije doarpen dy’t Friesland hjitte: yn de steaten Wisconsin, Minnesota en Michigan (dat hjit Vriesland). It binne nammen dy’t troch Fryske emigranten jûn binne oan it plak dêr’t se har doe nei wenjen setten. Der binne ek doarpen dy’t Groningen of Zeeland hjitte (yn Michigan): dêr binne ek in soad Friezen delstrutsen. Typysk dy provinsjes dêr’t in soad minsken út emigrearre binne.
Friesland, Wisconsin: 

dinsdag 11 december 2012

Lichemsdielen



Minsken liene maklik wurden út frjemde talen, mar beskate wurden wurde mar hiel selden liend. Allinne útstjerrende talen liene bygelyks nammen foar lichemsdielen. Dat jonge minsken yn it Frysk gauris ‘neus’ sizze, betsjut dan ek net folle goeds.



dinsdag 4 december 2012

Hynders



In hynder is in eal dier en hat dêrom gjin poaten, kop of bek. Mar o wee as er net mear foldocht, dan feroaret de flaainamme ‘happe’ yn skelwurden as ‘knol, gûl, goarre, bok, kamiel, fjoerskiter, krêbebiter, pismerje’ of ‘âld strûk’. Witte jo noch mear skelwurden foar âlde hynders of oare dieren?