dinsdag 27 november 2012

Gelyk



It bywurd ‘gelyk’ betsjut yn it Frysk ‘op deselde wize’ (dat skriuwe jo gelyk), ‘op deselde ôfstân’ (it rint lang net gelyk) of ‘mei in selde oantal punten’ (fjouwer earsten gelyk). It giet hieltyd om it- of deselde. Gelyk betsjut yn it Frysk net ‘daliks’ (Ik kom gelyk). Dan is it in hollanisme dat men te faak heart.

maandag 19 november 2012

Talitha



Talitha is in famkesnamme dy’t men net faak tsjinkomt. De namme is bibelsk en komt út it Arameesk, de taal fan Jezus. It betsjut gewoan: famke. It is in orizjinele namme. De meast populêre nammen wiene begjin dit jier yn Nederlân: Emma, Julia en Sophie (foar famkes) en Lucas, Daan en Sem (foar jonges). Wat fine jo: moatte we, as it heal kin, in Fryske namme sykje of binne populêre ek wol moai?

dinsdag 13 november 2012

In Amerijke

Witte jo wat in amerijke is? Dat is in in koart skoftsje tiid, mar efkes. Men kin bygelyks om 'in amerij(ke) geduld' freegje, sa't Omrop Fryslân foarhinne by in steuring die. 'Amerij' is in ferbastering fan 'ave Maria'. It giet tebek op de tiid dy't it bidden fan it Ave Maria-gebed duorret (in koart gebed, net hiel lang dus).

dinsdag 6 november 2012

Teie of rane?


Nei de winter teie iis en snie. En as wy pankoekbakke wolle, dan litte wy de bûter rane. Mar wat dogge in iisko op in stokje en softiis yn in hoarntsje? Teie dy yn 'e sinne of rane se? Wat sizze jo?

It Wurdboek fan de Fryske Taal oer teie en rane?
(set in finkje yn de fekjes 'subbetekenissen' en 'citaten')