dinsdag 25 september 2012

Etymologiebank.nl

Wisten jo dat tegel fan it Latynske 'tegula' (dakpanne) komt? En dat slapen oarspronklik 'slap zijn' betsjut? In skat oan sokke ynformaasje oer it komôf fan wurden is te finen op de website etymologiebank.nl. Men kin allinne Nederlânske wurden opsykje, mar der wurdt wol faak nei besibbe Fryske wurden ferwiisd.
Klik hjir: etymologiebank.nl

dinsdag 18 september 2012

Minekus

Minekus of Minikus is in manljusnamme dy’t men net faak op skrift tsjinkomt. De namme wurdt meast as Dominicus ynskreaun. De namme komt fan de Spaanske hillige Dominicus út de 12e ieu. Yn Fryslân is de namme yn de 16e ieu yn gebrûk kommen. Benammen yn roomske húshâldings komt de namme foar en yn Brabân en Limboarch.

dinsdag 11 september 2012

Mear as ien mûzel?

Kin dit: ‘Hoe krijst it yn 'e harsen.’ ‘Ik haw in mûzel.’? Nee, de wurden ‘harsens’ en ‘mûzels’ besteane allinnich mar yn it meartal, mei in fakterm: in plurale tantum. Yn it Frysk steane wurden foar ‘ûnnedige drokte, oanstellerij’ faak ek ferplichte yn it meartal: gibeltsjes, grysjes, babbelegûchjes, oankomsten. En hawwe jo wolris fan ien omballing of tûkelteam heard?

Lês mear: "ien omballing"

maandag 10 september 2012

Hoe komt dat?

As ien de earm yn 't ferbân hat en jo freegje hoe't it komt, kin it antwurd wêze: It komt wol wer goed. Mar miskien woene jo de oarsaak witte, dus hoe't it kommen is! It tiidwurd komme ferwiist nei de takomst (mar ôfwachtsje hoe't it komt), mar mei de fraach “Hoe komt dat?” wolle wy wat witte oer it ferline. Kin it dus twa kanten út? Ja, blykber al.