dinsdag 28 augustus 2012

Gûl om goarre

As it allegear neat útmakket en op itselde delkomt, brûke wy wol de siswize ‘it is gûl om goarre’, yn it Nederlânsk ‘lood om oud ijzer’.‘Gûl’ en ‘goarre’ binne synonimen en hawwe beide as betsjutting ‘âld, útlibbe hynder (dêr't gjinien mear profyt fan hat)’. Yn it Nederlânsk is ‘guil’ behalven in hynder ek in ezel.

dinsdag 21 augustus 2012

Rikje jo ek (wer)?

It falt op dat der tsjintwurdich wer mear smookt wurdt. Faaks is it better om te sizzen dat der mear rookt wurdt, want dat wurd hearre wy it meast as it om 'e konsumpsje fan sigaretten giet. In skoarstien rikket (rikje is ôflaat fan reek), mar ús wurd smoke is besibbe oan it Ingelske to smoke. Is it net nuver dat de ynfloed fan it Ingelsk op it Frysk, dy't tige grut is, dochs wer lytser is as de ynfloed fan it Hollânsk op ús taal?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske Taal oer:
(set in finkje yn de hokjes 'subbetekenissen' en 'citaten' om it hiele artikel te lêzen)

dinsdag 14 augustus 2012

Sywert

Soms falt jins each op in âlde Fryske namme. Bygelyks: Sywert. Fan Sywert van Lienden, bekend fan LAKS en de “groep fan 500”. De namme bestiet út Germaansk ‘sigi’ (oerwinning) en ‘ward’ (wachter, hoeder): hoeder fan de oerwinning. De namme komt yn Fryslân fanâlds foar as Siwert en as Sieuwerd. En dat is wer itselde as Sjoerd. Nammen as Sywert binne orizjineel, mar net populêr: wêr komt dat fan?

dinsdag 7 augustus 2012

Nedersaksysk

Nederlân erkent trije streektalen dy't oerheidsstipe fertsjinje. Dat binne it Frysk, it Limboarchsk en it Nedersaksysk. Dat lêste is in taalkundige namme foar de dialekten fan East-Nederlân, lykas Stellingwerfsk, Grinslânsk, Drintsk, Achterhoeksk en Feluwsk. De sprekkers sels witte faak net dat harren taal Nedersaksysk hyt.