dinsdag 26 juni 2012

Tuitjenhorn

Tuitjenhorn is in doarp yn de kop fan Noard-Hollân, yn West-Fryslân. De namme liket wakker Frysk. Mar: tuitje hat neat mei ús tútsje te krijen. It giet werom op middelnederlânsk utinge dat begraffenis betsjut. Horn betsjut hoeke en is itselde as it Fryske hoarne of herne. Dat wurd komt yn alle Fryslannen yn plaknammen foar en is in oanwizing foar de eardere taaloerienkomst.

dinsdag 19 juni 2012

Troanjemint, bakkes en antlit

It Frysk hat in hiel soad wurden foar de foarkant fan 'e holle: gesicht, antlit, oansicht, troanje, troanjemint, snút, tût, faasje, bakkes, bek, smoel,  útsicht, freet, fizelemint, postsegel, waffel, wezen, wêzen. It binne net allegear like fatsoenlike wurden. Hokker wurden brûke jo sels?

dinsdag 12 juni 2012

Fuotballerij


Is it wurd ‘fuotbaljen’ by de measten dy’t dat dogge wol it wurd dat se brûke? Of wurdt dochs meast ‘foetballen’ of ‘foetbaljen’ sein? Earder learden wy dat ‘baljen’ of ‘balskopperij’ gevere farianten wêze soene. Mar wa brûkt dy wurden?

dinsdag 5 juni 2012

Primetime

It Ingelske lienwurd primetime betsjut 'tiid dat in grut publyk nei de televyzje sjocht, jûns sawat tusken 7 en 10 oere'. It Aldfrysk hat in soartgelikens wurd: prîmetîd, mei in hiele oare betsjutting: de tiid fan it earste gebed, moarns om 6 oere. Is primetiid gaadlik as oersetting foar primetime?