dinsdag 24 april 2012

Wjanne en fjarke

Wâldsjers ite harren 'wjannepoat' gauris mei in 'fjarke'. Dy j-útspraak gou foar de oarloch noch as nuver en ûnnoazel, mar hjoed-de-dei is er hiel gewoan. Taalkundigen tinke dat de Gitersken, feanarbeiders út Oerisel, dermei begûn binne, omdat se 'hoanne' en 'foarke' net goed útsprekke koenen.

dinsdag 17 april 2012

ij IJ ii Ii

De ij is in saneamde ‘digraaf’, in letter opboud út twa tekens:  i + j. De Nederlânske ij is yn it Frysk faak in ii: ijs/iis, pijp/piip. As haadletter wurde de i en de j grut skreaun: IJsbaan. Moat it yn it Frysk dan ek stavere wurde as IIsbaan, of dochs Iisbaan?

dinsdag 10 april 2012

Weinich is net folle


Foar it Hollânske veel hawwe wy in protte of in soad (en noch mear). Weinich bestiet net yn it Frysk; dêr hawwe wy in bytsje foar. In soad flaters wurde dêr net mei makke. Yn 'e sprektaal komt weinich wol foar, mar it wurdt ornaris (benammen yn skreaune taal) as ferkeard sjoen. Soenen wy dat as in geunstich teken sjen kinne foar de takomst fan it Frysk?

dinsdag 3 april 2012

Leavver, of leaver net?

It iene bern is leaver is as it oare: leaver wurdt dan útsprutsen mei in ôfgeand twalûd (sûnder brekking). As ien leaver tee hat as kofje, sizze wy sokssawat as 'ljevver' en wurdt dat leaver útsprutsen mei in opgeand twalûd. Lykas yn keallen (mei brekking). Sa hat it Frysk twa wurden dy't ferskille yn betsjutting en útspraak. Mar wêrom is de skriuwwize dan gelyk?