dinsdag 29 maart 2011

In boeket blommenammen

De offisjele Fryske namme fan it Nederlânske madeliefje is koweblomke. Mar dêrneist besteane ek noch folksnammen as: finneblomke, skieppeblomke, lamkeblom, maaieblomke, teeblomke. Bern neame it blomke wol krânskeblom. Op It Bilt sizze de minsken skapeblompy en yn Ljouwert madelyfje. Besteane dy nammen noch yn dizze 21ste ieu?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: koweblom
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 22 maart 2011

Grutter as en grutter dan

Dy't net ûnnoazel lykje wol, moat yn it Hollânsk noait 'groter als' sizze, mar altyd 'groter dan'. Want om it Hollânsk fan it Dútsk ôf te beakenjen ha taalbouwers ôfstân naam fan it Dútske 'größer als'. Fryske taalbouwers nimme mei 'grutter as' wer ôfstân fan it Hollânsk! Is dat eins wol nedich?

dinsdag 15 maart 2011

Geknoei en gegriem

Hoewol't knoeie sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk foarkomt, kin der yn it Hollânsk mear ûnder ferstien wurde. ‘Dy moaie foto's sieten dûbelteard en binne knoeid’ (skansearre). Der kin ek knoeid wurde mei eksamens of mei de boekhâlding (prutse). Foar it Hollânske knoeien met eten brûke wy grieme, bargje en is slanterje net nóch slimmer? (Holl. kliederen).

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: grieme, bargje, knoeie, slanterje
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 8 maart 2011

Geasten en gaasten itselde?

In namme as Rinsumageast liket ynearsten wat frjemd: as soe it mei in geast (spoek) te krijen hawwe. Dat is net sa: geast betsjut hjir 'heger lizzend lân', yn Fryslân meastal in sânrêch. En 'gaast' is de Aldfryske foarm derfan. Wy fine de namme ek werom yn Tsjerkgaast en fansels Gaasterlân.

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: geast
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

donderdag 3 maart 2011

Skriuwendewei

It Nederlânske fuortsettend mulwurd (tegenwoordig deelwoord) yn 'al lopend', 'al schrijvend' ensfh. kin fansels letterlik yn it Frysk oerset wurde: 'al rinnend', 'al skriuwend'. Mar it Frysk hat in moai alternatyf mei '-dewei': 'rinnendewei', 'skriuwendewei'.

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: -wei
(Set foar it hiele artikel in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')