dinsdag 25 januari 2011

Mear as ien

In meartal wurdt makke troch -n, -en of -s efter in wurd te setten. Ien krante, twa kranten. Ien tafel, twa tafels. Der binne útsûnderingen op dy regel. Dan kriget it meartal in oare foarm of it wurd hâldt deselde foarm: ien skoech, twa skuon. Ien ko, twa kij. Ien bern, twa bern. Ien skiep, twa skiep. Wa ken noch ien goes, twa gies (guozzen)?

dinsdag 11 januari 2011

Europeäne?

Ien út Europa (Jeropa wurdt net faak mear brûkt) is in Europeaan. De froulike foarm dêrfan soe Europeäne wêze kinne (lykas feterane fan feteraan), mar ek Europeaanse (lykas Meksikaanse fan Meksikaan). Mar nee, in Europeeske frou is in Europese.

dinsdag 4 januari 2011

Grut Frysk Wurdboek

Njonken it "Frysk Hânwurdboek" is der it "Wurdboek fan de Fryske taal". Dat beskriuwt twa ieuwen Frysk en jout betsjutting, útspraak en komôf fan wurden. Der steane ek gâns siswizen, sprekwurden en seldsume wurden yn. Mei-inoar jout it wurdboek 120.000 wurden en as it klear is telt it 25 dielen fan fjouwerhûndert siden elk. On-line is it al klear.

Klik foar de onlineferzje op: Wurdboek fan de Fryske taal