dinsdag 28 december 2010

De billewein

Op 'e sneup nei oare manieren om 'rinne' te sizzen? 'Mei it arbeidershynder gean' is in moaien. Of 'mei de billewein gean'. Dy billewein kin ek it skuonmakkersweintsje of de apostelwein neamd wurde.

dinsdag 21 december 2010

Nei Betlehim gean

Men kin sizze ‘ik gean op bêd’. Mar it kin ek oars sein wurde: Nei Betlehim gean. Efter it bolwurk krûpe (efter de brede rêch fan jins man of frou lizzen gean). Nei De Falom gean. Op 'e fearman gean, krûpe. It fierderop, hegerop besykje. Oekedakke gean. Wy sille ús wat opbergje.

dinsdag 14 december 2010

Raerd en Raard rare doarpen?

Binne Raerd en Raard rare doarpen? Grut Raerd yn Boarnsterhim en Lyts Raard by Dokkum. Wa wit, mar de namme betsjut hiel wat oars. Aldere foarmen binne Rawerth, Rauwert en Raedwert. De betsjutting dêrfan is wierskynlik terp mei reid fan Germaansk hriad en werth.

dinsdag 7 december 2010

"Elkien" is foar eltsenien!

De namme fan de Fryske wenningkorporaasje "Elkien" is net foar eltsenien daliks begryplik. Elkien is Frysk foar it Hollânske "iedereen". It wurdt útsprutsen mei it ôfgeande twalûd ie [i-uh]. Der binne mear farianten fan dat wurd. De wenningkorporaasje "Elkien" hie him nammentlik ek eltsien neame kinnen, elkenien, eltsenien, of sels elkmis.

Klik hjir foar elkenien yn it Wurdboek fan de Fryske taal

dinsdag 30 november 2010

Moster as takkebosk

Yn de siswize Immen troch de moster fiterje is moster net it guod om iten skerp mei te meitsjen, mar is it in takkebosk dat foar in brânsteapel brûkt wurdt. De siswize betsjut immen fiks oanpakke. Immen dus troch de tûken jeie. Ferlykje it Nederlânske door de mosterd slepen.

Klik hjir foar it Wurdboek fan de Fryske taal: moster II

dinsdag 23 november 2010

Sex yn Sexbierum?

It wurdsje sex hat hjir, al hoe grappich guon dat ek fine, neat út te stean mei it wurd seks. Sex yn Sexbierum slacht op de namme Sixtus II, in hillich ferklearre paus út de tredde ieu. It Fryske seis fan Seisbierrum is dêr in ferbastering fan en hat dus ek neat mei it getal seis te krijen.

dinsdag 16 november 2010

Wat is it Ongerslân?

Yn Ierlân wenje Ieren en yn Letlân Letten of Letlanners. Belgen wurde ek wol Belzen neamd, want se libje yn it Belzelân, in oare Fryske beneaming foar België. Foar Hongarije (das Land der Ungaren, op syn Dútsk) is der noch in moaiere beneaming: It Ongerslân.

Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: Ongerslân

dinsdag 9 november 2010

famke en fanke

It wurd famke is bysûnder. It hat nammentlik in oanropsfoarm (fokatyf), dy't brûkt wurdt by it oansprekken fan fammen en froulju. Dy foarm is fanke. Ik hear no ek wol 'Hoi, famke', mar fan âlds seinen Friezen altyd 'Hoi, fanke!'

Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: famke
Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: fanke

dinsdag 2 november 2010

Wat binne de bisten tsjelreauwich!

In alderapartst wurd is 'tsjelreauwich'. It betsjut 'skrikkerich', 'gau fan 'e mik'. Letterlik betsjut it 'kjellivich': 'tsjel' is itselde wurd as 'kjel' (bang, benaud) en 'reau' is in âld wurd foar 'lichem'. Men kin tsjelreauwich wêze, mar ek tsjelreauwich piipje of snetterje.
Klik hjir foar Tsjelreauwich yn it Wurdboek fan de Fryske Taal

dinsdag 26 oktober 2010

In manlike ko?

Hoewol't in ko fan it froulik geslacht is, hawwe wy it oer hy, syn en him as wy oer de ko (en oare froulike bisten) prate: de ko syn poat is net goed. De feedokter moat by him komme. Hy moat in penisilline-spuit ha.

zaterdag 9 oktober 2010

De liuw fan Ljouwert

De namme Leeuwarden hat neat mei in 'leeuw' (liuw) te krijen. Hoe sit dat? Dat ‘leeuw’ hat te krijen mei in earder Frysk wurd foar 'lijte' dat yn it Germaansk dêrfoar sokssawat as ‘hleunjo’ wie. Ljouwert is nei alle gedachten ûntstien as ‘werth’ (terp) yn in lije bocht fan de Middelsee.

maandag 20 september 2010

Taalbaas Nammekunde

Wat is de betsjutting fan dizze plaknamme? Kies út trije mooglikheden.
Warns:
A Komt fan it Fryske tiidwurd jin ferwarje nei oanlieding fan de slach by Warns dy’t dêr plak fûn hat.
B Komt fan de persoansnamme Ward en Aldfrysk –ingi. Warns betsjut dan folk fan Ward.
C Komt fan de persoansnamme Ward en it wurd ‘loo’, dat boskje betsjut. Warns betsjut dan boskje fan Ward.

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 4 september 2010

Taalbaas Stavering

Twalûden
It wurd boat wurdt útsprutsen mei it twalûd oa. Dat twalûd sit ek yn toan, moal, doaze.
Yn it Hollânsk komt dat twalûd allinnich foar de letter r foar. Op skrift wurdt it yn dy taal net as twalûd oanjûn, mar as lang ienlûd. De Hollânske wjergader fan boat is boot (ferskillende stavering en ferskillende útspraak) en foar it Fryske boar hat it Hollânsk boor (ferskillende stavering, mar deselde útspraak). Hollânsktaligen fernimme net dat se dêr in twalûd útsprekke.

Dekôr of dekoar?
Twalûden wurde stavere mei twa ferskillende letters. As it letterpear út twa deselde tekens bestiet, wurdt dêr it lange ienlûd mei bedoeld, b.g. knoop.
It útsprekken fan in twalûd foar de r giet suver automatysk, sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk. Mar hoe sit it dan mei lienwurden dy't ferfryske wurde? It Frânske décor hat yn de Fryske foarm in k krige, mar yn it nije Frysk Hânwurdboek ek in o mei in kapke. Foar de r soe men dêr in twalûd ferwachtsje, yn it Frysk stavere mei oa. Soe it net better wêze om it wurd as dekoar te skriuwen?

Frânske útspraak
Yn de Frânske útspraak skynt de (lange) o fan décor wat leger yn de mûle te lizzen, sa likernôch as yn stôk. Is it foar ús net folle gewoaner om foar de r (ús r) it twalûd oa te sizzen? De wurden dekoraasje en dekoratyf hawwe gjin ô. Dat komt omdat de klam der net op falt, mar as de klam der al op komt te lizzen, soe de o miskien better troch oa as troch ô ferfongen wurde kinne. Wat fine jo better: dekôrstik of dekoarstik? It is mar in fraach. Jo kinne reagearje.

zaterdag 21 augustus 2010

Taalbaas Stavering

As jo de trije wurden hjirûnder lêze, sille jo ta ien en deselde útspraak komme. Mar wat wurdt der no winliken bedoeld mei dy wurden? Ja, it is hjir al om de betsjutting te rêden! Hokker is goed stavere?

A. jierren
B. hierren
C. hjirren

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 14 augustus 2010

Taalbaas Stavering

Stavering fan Ingelske wurden
It Frysk hat genôch wurden om ús goed útdrukke te kinnen. Mar wat moatte wy, as der in nij begryp ynfierd wurdt? As der net sa gau in Frysk wurd betocht wurde kin, moat it mar liend wurde. Dan komt der mei it nije begryp fuort in nij (frjemd) wurd yn gebrûk. Sa binne de lêste jierren gâns wurden, eins op alle mêd wol, benammen út it Ingelsk oernommen. Lienwurden dus.
In lienwurd wurdt meastentiids mei ham en gram oernommen, mar it kin ek in Frysk jaske krije. Dat wol sizze dat it skreaun wurdt neffens de Fryske staveringsregels.


Iisclub of iisklup
Foar 'feriening' is út it Ingelsk it wurd 'club' liend: sportclub, fuotbalclub ensfh.
Dat wurdt langer net as frjemd, mar as in eigen Frysk wurd sjoen. Dan wurdt klup skreaun, om't de Fryskprater de Ingelske útspraak oerdreaun fynt en dus net oernimt.
Dat is mei rjocht liene! Club wurdt weromjûn oan it Ingelsk en klup is fan ús.
Yn de gearstalling iisclub binne in Frysk en in Ingelsk part oanelkoar bakt. Om't wy leaver gjin twa talen trochinoar grieme wolle, hat iisklup de foarkar. Club stiet wol yn it nije hânwurdboek, mar mei in ferwizing nei klup.

Oarspronklike of Fryske stavering?
Eins soenen wy net te gau frjemde wurden oernimme moatte, want fakentiids is der wol in Fryske wjergader. Mar as de betsjutting in nuansearring jout fan it eigen wurd, dan hat it doel en nim it frjemde wurd oer. Dan komt it probleem fan de skriuwwize! Sil it wurd de oarspronklike stavering hâlde, of moat dy oanpast wurde oan it Frysk?
Wat is better, of wat hat jo foarkar:
Club of klup? Of dochs mar feriening?
Caravan of kerreven? Of kampearwein?
Team of tiim? Of leaver ploech?

zaterdag 10 juli 2010

Taalbaas Literatuer

De gemeente Smellingerlân hat 2010 útroppen ta in jier om Rink van der Velde te betinken. Meikoarten komt yn it museum yn Drachten ek in útstalling oer Van der Velde. Yn dat ramt diskear in fraach oer ien fan Rink van der Velde syn boeken. Wêr komt it folgjende fragmint út?

“Hy snúft de rook fan flear, toarnehage en koetsebei yn. En te foet ûnderweis nei Smellie sûget er by de Hoptunen de blossems fan de kamperfoelje leech. ‘Popsûgers, fanke, priuw mar.’”

1. Foroaring fan lucht (1971)
2. Pake Sytse (1975)
3. De nacht fan Belse Madam (1991)

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 3 juli 2010

Taalbaas Stavering

Alearen wie der yn it Frysk it wurd skriftekennisse. Dat wurdt (spitigernôch?) net mear brûkt, om’t it as âldfrinzich sjoen wurdt. Wy hawwe der in nijer (moderner) wurd foar, mar wat is dêr krekt de goede stavering fan? Is dat A, B of C?

A. litteratuer
B. lyteratuur
C. literatuer

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 26 juni 2010

Taalbaas Stelling

Mear eigen Fryske wurden betinke tsjin fierdere ferhollânsking?

Meidat hieltyd mear wurden en útdrukkingsfoarmen oernommen wurde út it Hollânsk (en út it Ingelsk), bliuwt der fan it Frysk skielk neat mear oer as in regionaal kleure dialekt fan it Hollânsk. Yn de neikommende stelling giet it oer it tsjinkearen fan dat proses.

“Om fierdere ferhollânsking (en feringelsking) fan it Frysk foar te kommen, sille mear eigen wurden (nijfoarmingen of neologismen) betocht én ynfierd wurde moatte.” Mei iens/net mei iens?

maandag 21 juni 2010

Taalbaas: hun hawwe

Hun hawwe?

Foarnamwurden binne wurden dêr't persoanen mei oantsjut wurde. Yn it Frysk binne dat: ik, do, hja/sy/hy, wy, jo/jimme, hja/sy. Yn it Nederlânsk ik, jij, zij/hij/u, wij, jullie, zij. As ferdúdliking in Nederlânske foarbyldsin: zij hebben een boek gekocht. Yn de sin ik geef hun een boek is hun ek in foarnamwurd. Yn it Nederlânsk binne der in soad minsken dy't hun hebben een boek gekocht sizze kinne. Der is strideraasje oer oft dat goed Nederlânsk is of net. De grammatikaregels sizze dat it ferkeard is, mar as men de minsken sels freget, dan fine se it wol goed. De Nederlandse Taalunie fynt it net goed en seit dat it gjin standerttaal is.

Hun binne?
De boppeneamde sinnen binne yn it Frysk sa: hja hawwe in boek kocht en ik jou har(ren) in boek. De sin har hawwe in boek kocht is net neffens de regels fan de Fryske grammatika. Soe it wol sein wurde?
It Nederlânske hun komt wol foar yn it Frysk. Op it ynternet, dêr't de gewoane Friezen skriuwe, fynt men krekt as yn it Nederlânsk: "Hun binne ek jong west of net dan!", dêr't de grammatika de wurdsjes hja of sy foarskriuwt.
En yn de folgjende ynternetfoarbylden soe net hun, mar har(ren) stean moatte: "En wy kinne no al sizze: sommigen skrikke hun dea" en "... ek by hun binne net alle leden elts jier beskikber om te spyljen".

De regels foar hja/sy en har/harren binne hiel maklik: hun is Nederlânsk en bestiet yn de Fryske standerttaal net. Hun komme moat wêze: hja/sy komme. En by hun binne alle leden ... is yn it Frysk: by har(ren) binne alle leden ...

As der in Fryske Taaluny bestean soe, dan soe dy it op dy wize foarskriuwe moatte.

zaterdag 5 juni 2010

Taalbaas Nammekunde

Fryske eksonimen

Wat binne eksonimen?
Eksonimen binne nammen yn de eigen taal foar plakken en wetters dy’t bûten it eigen taalgebiet lizze. Bekende eksonimen yn it Frysk binne Grins (foar de stêd Groningen) of Utert (foar Utrecht). It falt op dat fan plakken tichterby it meast eksonimen foarkomme. Dat seit himsels: yn de buert fan de oergong fan twa taalgebieten is der mear ûnderling ferkear. Sa binne ticht by of op de Fryske taalgrins fan hast alle plakken wol beneamings yn it Frysk en it Nederlânsk. Bygelyks: De Like (Leek), De Wylp (De Wilp) en Stienwyk (Steenwijk). Dy hawwe fansels ek Nedersaksyske beneamings, om’t se yn it Nedersaksyske taalgebiet lizze, bygl.: Stienwiek.

Untjouwing nei ien offisjele namme
De ûntjouwing fan de lêste tiid is dat foar algemien gebrûk langer mear de bûtenlânske offisjele namme oanholden wurdt. Sa kin men yn it Nederlânsk foar Dútske plakken noch wol de nammen Keulen en Aken tsjinkomme, mar net mear Dusseldorp en Frankfort of foar Frankryk wol Parijs en Straatsburg, mar net mear Rijsel (Lille), Robaais (Roubaix) en Atrecht (Arras).

Yn it Frysk wurde guon eksonimen stadich troch de Nederlânske foarm ferkrongen: De Like en Roan wurde langer yn it Frysk mear Leek en Roden. En nammen as Oark (foar Urk), Dimter (foar Deventer) of Swol (Zwolle) sil men net faak tsjinkomme. Utsein ien namme: Boarkum foar it eilân Borkum: dy is troch Durk van der Ploeg syn Foarby it Boarkumer fjoer út it ferjitboek helle.
Is it slim as datsoarte nammen út de taal ferdwine? It is fansels wol sa maklik: gjin betizing by de taalgrins (Nederlanners witte yn België net wat Rijsel op de buorden is). Of is it in stikje ferlies fan taalrykdom?

zaterdag 29 mei 2010

Taalbaas Stavering

Twalûden
It wurd boat wurdt útsprutsen mei it twalûd oa. Dat twalûd sit ek yn toan, moal, doaze.
Yn it Hollânsk komt dat twalûd allinnich foar de letter r foar. Op skrift wurdt it yn dy taal net as twalûd oanjûn, mar as lang ienlûd. De Hollânske wjergader fan boat is boot (ferskillende stavering en ferskillende útspraak) en foar it Fryske boar hat it Hollânsk boor (ferskillende stavering, mar deselde útspraak). Hollânsktaligen fernimme net dat se dêr in twalûd útsprekke.

Dekôr of dekoar?
Twalûden wurde stavere mei twa ferskillende letters. As it letterpear út twa deselde tekens bestiet, wurdt dêr it lange ienlûd mei bedoeld, b.g. knoop.
It útsprekken fan in twalûd foar de r giet suver automatysk, sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk. Mar hoe sit it dan mei lienwurden dy't ferfryske wurde? It Frânske décor hat yn de Fryske foarm in k krige, mar ek in o mei in kapke. Foar de r soe men dêr in twalûd ferwachtsje, yn it Frysk stavere mei oa. Soe it net better wêze om it wurd as dekoar te skriuwen?

Frânske útspraak
Yn de Frânske útspraak skynt de (lange) o fan décor wat leger yn de mûle te lizzen, sa likernôch as yn stôk. Is it foar ús net folle gewoaner om foar de r (ús r) it twalûd oa te sizzen? De wurden dekoraasje en dekoratyf hawwe gjin ô. Dat komt omdat de klam der net op falt, mar as de klam der al op komt te lizzen, soe de o miskien better troch oa as troch ô ferfongen wurde kinne. Wat fine jo better: dekôrstik of dekoarstik? It is mar in fraach. Jo kinne reagearje.

vrijdag 7 mei 2010

Taalbaas: Op in minne namme lizze

As men lyts is en krekt it lêzen leard hat, sjocht men soms nuver oan tsjin ûngebrûklike staveringen. Foaral nammen soargje wol foar fraachtekens, want dy hoege net neffens de regels skreaun te wurden. Foarnammen as Sytse of Metsje kinne skreaun wurde as Sijtze of Mettje. Soms sitte der nuvere letterkombinaasjes yn in namme: by Philips moat de ph- net as twa losse letters útsprutsen wurde, mar as f. Filips dus en net 'puhilips'.

As de namme út in oare taal komt, falt it soms ek net ta om in goede útspraak te jaan. As jo yn Wales it paad nei Llanfairyneubwll freegje, is it noch mar de fraach wêr't se jo hinne stjoere.

Net-Frysktaligen yn Fryslân hawwe ek sa'n soarte fan probleem. Oeral komme jo Fryske nammen tsjin fan persoanen, bedriuwen, strjitten en doarpen. As men dy net daliks begrypt en útsprekt neffens de stavering, dan krije je soms rare fersinnen. Foarnammen as Lieuwe en Dieuwke wurde útsprutsen sokssawat as Lieve en Diewke. Yn de bedriuwsnamme Elkien moat -ien krekt as de -ie- yn stien útsprutsen wurde. Mar men heart almeast Elkyn. Sels Fryskpraters hawwe der wol oan.

De plaknamme Jirnsum wurdt yn it Frysk sokssawat útsprutsen as Jeansum, wêrby't de -n- 'troch de noas' sein wurde moat. Mar yn de trein roppe se meastal troch de ynterkom Statsjon Grou-Jirnsum, mei staveringsútspraak. Yn de bus fan Ljouwert nei Drachten seit de juffer troch de ynterkom 'volgende halte Folgéren', wêrby't de haltenamme dus as 'folgeeren' oplêzen wurdt. Hjir leit in taak foar de âldjiersploech fan de Frijsteat Folgeren!

Leit it Frysk op in minne namme? Tinke jo 'what's in a name', of moatte wy om swierrichheden tefoaren te kommen Nederlânske nammen of maklike Fryske nammen brûke?

zaterdag 1 mei 2010

Taalbaas Stavering

De wurden dy’t hjirûnder by A, B en C steane wurde eins op deselde wize útsprutsen. Yn de mûnlinge kommunikaasje sil it gjin probleem wêze, mar om it goed op te skriuwen, is wol hiel dreech. Wat is de goede stavering? Is it A, B of C?

A. (de gouden) iu
B. (de gouden) ieu
C. (de gouden) ieuw

Klik hjir foar it goede antwurd.

vrijdag 23 april 2010

Taalbaas Staveringshifker

Wat is in staveringshifker? In staveringshifker is in kompjûterprogramma dat yn in tekst neigean kin oft der staveringsflaters yn sitte. De Fryske Akademy hat tsien jier lyn foar it Frysk al sa’n staveringshifker ûntwikkele. De nijste ferzje is te krijen op cd-rom as De Fryske Taalhelp (ferzje 2.0).

Fûl en foel, adfertinsje
Hast eltsenien dy’t mei skriftlike taal dwaande is brûkt tsjintwurdich wol in staveringshifker. Krantesjoernalisten ek. Dan liket it frjemd dat men noch geregeld staveringsflaters tsjinkomme kin yn krantestikken, benammen yn Fryske stikken. Sa koe men lêsten yn in berjochtsje oer “Stuntburgers” yn dizze krante yn twa Fryske sitaten noch twa staveringsflaters tsjinkomme: “paginagrutte adfertinsje” en “Doe’t ik fûl”. “Adfertinsje” moat “advertinsje” wêze en “fûl” moat “foel” wêze. De earste fisket de hifker der wol út, mar de oare rekkenet er goed. Hoe kin dat? In staveringshifker is in opslach fan alle yn it Frysk foarkommende wurden. fûl en foel besteane beide yn it Frysk, mar ha ferskillende betsjuttings. Fûl betsjut fanatyk of deun en foel is de doetiid (verleden tijd) fan falle. De hifker kin net sjen hokker wurd op dat plak goed is. Sa is it ek mei wurden as dy (“die man”) en die (“ik/hij deed”) en lûk (“luik”) en loek (“ik/hij trok”). Men moat dus altyd noch wol efkes in tekst neilêze op dat soarte fan flaters. In hifker hellet it measte der wol út, mar net alles.

Gewurde litte?
Men kin jin ôffreegje: is it slim dat der wat flaters yn sitte? Men kin it sa meast ek wol begripe. En: yn it Nederlânsk sjocht men langer ek in soad flaters. Moatte we dat soarte flaters mar gewurde litte en ús der net oan steure?

zaterdag 17 april 2010

Taalbaas Stavering

It meartal fan politikus hat in Latynske foarm, mar moat al neffens de Fryske staveringsregels skreaun wurde. Just, mar hoe dan? Is it A, B of C?


A. politici
B. politisi
C. politisy

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 10 april 2010

Taalbaas: Brúnsma, Fan der Mar en Hiemstra

De kâns is grut dat jo immen kenne dy't as efternamme Bruinsma, De Bruin of Dijkstra hat. Dy nammen wurde troch Frysktaligen útsprutsen as Brúnsma (mei lange nasale ú), De Brún of Dykstra. De grûnwurden bruin en dijk binne yn dy nammen dúdlik werom te finen, yn it Frysk: brún en dyk. Oare nammen dy't yn de útspraak oanpast wurde binne Boonstra-Boanstra (twalûd -oa-) en Jansma-Jânsma (mei lang nasaal â-lûd). Hoewol't it offisjeel mooglik is om dy nammen sa ek te registrearjen, wurdt dat amper of net dien. Brúnsma of De Brún sjocht men komselden op skrift. In strúntocht op it ynternet leveret foar de earste namme noch gjin hûndert fynplakken op, wylst syn Hollânske wjergader Bruinsma mear as 400.000 fynplakken hat. Dat sifer is wol wat fertekene om't Bruinsma ek bûten Fryslân foarkomt.
Yn de Fryske literatuer komt it ferfryskjen fan sokke nammen geregeld foar. Auteurs as Thys Kuiper (útsprutsen as Kuper), Tiny Mulder, Durk van der Ploeg en Paulus Akkerman litte Brúnsma's opdrave yn har boeken en ek de Brúnsma's fan it ynternet komme gauris út toanielstikken.

It falt op dat allinnich de lûding oanpast wurdt en dat de eleminten dêr't in namme út bestiet net 'oerset' wurde. Dat docht al bliken út Kuiper-Kuper: de -ui- wurdt in -ú-, mar yn it Frysk is in kuiper in kûper. Van der Meer of Straatsma ferskine ek net as Fan der Mar of Strjitsma.
By de registraasje fan efternammen yn 1811 binne meast Nederlânske foarmen opskreaun. Mar der binne ek skaainammen mei Fryske eleminten: Hiemstra en Soepboer. Yn de lêste namme ferwiist soep nei sûpe en net nei Nederlânsk soep.
In efternamme is in eigennamme en foarmet mei de persoan dy't him draacht in unyk wêzen.
Soene jo in Fryske efternamme ha wolle?

maandag 29 maart 2010

Taalbaas Stavering: Hok, bok en bak

Hoe kinne wy op papier oanjaan, hoe’t ús taal klinkt?
In staveringssysteem mei letters dy’t mei de ferskillende klanken korrespondearje liket ienfâldich, mar der binne al wat probleemkes.
Sa hawwe wy yn it Frysk in lûd dêr’t gjin eigen teken foar is en dat is it lûd yn hok. Dat lûd leit tusken de o fan bok en de a fan bak yn. Yn wurdboeken wurdt de útspraak fan hok ferdúdlike mei in ɔ.

Op it lêsplankje fan aap-noot-mies stie eartiids in punt of in plat streekje op de o fan hok. Dêr moasten de bern út begripe dat dy o oars útsprutsen wurde moast as dy fan bok. Wat it Hollânsk oanbelanget is der suver net ien mear dy’t him om dat ferskil bekroadet. Mei it ferdwinen fan it lêsplankje en it ûntbrekken fan in aparte letter liket dy klank ek ferdwûn.

Yn it Frysk is dat lûd noch altyd te hearren. As wy it oer sokke sokken hawwe, dan binne der twa ferskillende o-lûden te hearren: sokke mei de o fan bok betsjut zulke en sokken mei de o fan hok hawwe wy oan de fuotten. Mei dy lûden wurdt dus in betsjuttingsûnderskied útdrukt. It spitige is, dat der op skrift gjin ferskil te sjen is.

En it wurdt noch lestiger, want it o-lûd (ɔ) wurdt ek sein yn man, jas en noch folle mear wurden dêr’t de a folge wurdt troch in s, l, d, t of n.
It Frysk is in klankrike taal, mar hoe passe wy de stavering dêr by oan? Moat der in letter (of letterkombinaasje) bybetocht wurde, of hâlde wy it by o en a as werjefte fan de trije lûden o, a en ɔ? Hok, bok en bak

zaterdag 20 maart 2010

Taalbaas: Sadat

Okkerlêsten kaam der in fraach by de Afûk yn oer it wurd sadat: “Dat bynwurd (voegwoord) wurdt hieltyd mear brûkt yn stee fan sadwaande. Mei dat wol?”

Ynearsten tinkt men: mei sadat is neat mis, mar by neier ynsjen binne der wol reden om der noch efkes langer by stil te stean. In foarbyld fan in sin mei sadat is: Juster wie it min waar, sadat we net bûten sitte koene. Mar men kin yn it Frysk ek sizze: Juster wie it min waar, sadwaande koene we net bûten sitte. Of: Juster wie it min waar, dat we koenen net bûten sitte.

As we de wurdboeken der op neislane, sjogge we dat sadat al sûnt lang yn it Frysk bestiet: neffens it Woordenboek der Friese taal is it al yn 1810 optekene. It is lykwols lang as minder gongber yn it Frysk beskôge. Douwe Tamminga seit oer sadat yn syn Op ’e taelhelling II (1973): “It bynwurd ‘sadat’ (Ned. ‘zodat’) bestiet yn it Frysk wol, al moat der by sein wurde dat it yn ús omgongstaal net bot yn trek is”. Yn it Frysk Wurdboek fan de Fryske Akademy (1985) wurdt it yn it Nederlânske part mijd en oerset mei ‘dat’ en ‘sadwaande’. Yn it nije Frysk Hânwurdboek fan 2009 wurdt it gewoan lykas alle oare bynwurden neamd.

Dat en sadwaande komme fan âlds mear yn de omgongstaal foar. It liket derop dat ûnder ynfloed fan it Nederlânske zodat ek sadat ûntstien is en yn de rin fan de tiid hieltyd mear brûkt wurden is. Sadat stiet wat betsjutting oangiet op deselde hichte as dat en sadwaande. As men lykwols tichter by it Frysk bliuwe wol, kin men better dat en sadwaande brûke.

dinsdag 16 maart 2010

Taalbaas Stelling

Fryske bewegers ien grutte famylje?

By syn oanstelling as heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit yn Grins hat dr. Goffe Jensma de posysje fan de Fryske beweging op it aljemint brocht. Hoe sjogge Friezen fan hjoed de dei nei it Frysk-kulturele fermidden? Is dat lykas yn de neikommende stelling?

“It giet Fryske bewegers allinnich mar om Friezen it idee te jaan dat hja mei-inoar ien grutte famylje foarmje.” Mei iens of net mei iens? Jou jo miening!

vrijdag 5 maart 2010

Taalbaas: Earmtakken útdiele

Yn in fuotbalwedstriid krige in spiler read om't er in earmtakke útdield hie. Fuotballers diele blykber mear út as allinne hantekenings. Yn it Frysk Hânwurdboek stiet by útdiele: '(fan in hoemannichte, foarried) oan elk fan in tal persoanen in diel jaan'. As dat tapast wurdt op earmtakken útdiele, komt it net goed. Wat yn it wurdboek stiet is net ferkeard, mar kin net tapast wurde op in earmtakke útdiele. De fuotballer hat gjin foarried earmtakken en hy jout oan mar ien oare spiler in 'hiele' earmtakke en net in diel dêrfan. En nei't er him útdield hat, is de oare fuotballer ek net yn it besit kommen fan de earmtakke fan de útdieler. De betsjutting fan útdiele is dus breder as wat yn it wurdboek stiet.

It útdielen yn ús foarbyld giet fierder: it giet net mear om 'ompartsjen oan elk út in foarried', mar om 'jaan, skinken'. As útdielen ienkear dy útwreiding fan betsjutting krigen hat, kinne der neist konkrete saken as jild, folders, rekkenboekjes ek minder materiële dingen útdield wurde: boeten, bonnen en bekeurings, oarders of straffen. En noch figuerliker: in politikus dy't de swarte pyt útdielt. En de siswize: de lekkens útdiele (alles regelje, te sizzen hawwe, de baas wêze). Dat earmtakken útdield wurde kinne, sil úteinlik wol komme fan: in klap, stomp (mei de earmtakke) jaan, útdiele.

Der is in siswize: Hy stie by it útdielen efter de doar (hy hat net folle ferstân meikrigen). De konklúzje kin wêze dat men by it útdielen fan earmtakken better efter de doar stean kin en dat de útdieler net folle ferstân meikrigen hat.
Kin in earmtakke útdiele neffens jo yn it Frysk? En sa net, hoe sizze wy it oars?

zaterdag 27 februari 2010

Taalbaas Stavering

As wy te gau wêze wolle, kinne wy maklik staveringsflaters meitsje. Mar as wy der goed oer neitinke kinne, falt it ek net iens ta. Wat is hjirûnder no de goede foarm?

A. yn ’e gauwighyd
B. yn ’e gauïchheid
C. yn ’e gauwichheid

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 20 februari 2010

Taalbaas Nammekunde

AEbele en Taeke
Ut en troch komt men Fryske nammen tsjin mei ae, bygl. AEbele en Taeke. Fan de earste komme in hiele boel farianten foar: AEebele, Aebele, Abele en Ebele. Soms wurde se mei Æ stavere. Yn it Frysk wurde se útsprutsen as Eabele, respektivelik Teake. Itselde jildt foar nammen as Aezge, Aede, Aebe en Aege, dy’t yn it Frysk meast útsprutsen wurde as Eazge, Eade, respektivelik Abe en Age. In foarbyld fan in achternamme is Taekema.

Aldfryske ae is no ea
It falt by dy nammen op dat de skriuwwize meastentiids mei ae is, mar dat de útspraak no meast ‘ea’ is. Wy skriuwe dy nammen no dan ek yn it Frysk mei ea. De reden is dat de Fryske ea-útspraak (of ‘ê’) fan no tebekgiet op in Aldfryske lange ‘aa’, faak stavere as ‘ae’. Lykas yn in plaknamme as Aegum, no Eagum. It ferskil yn skriuwwize is oars net as it ferskil yn útspraak tusken Aldfrysk en Nijfrysk. Allinnich yn de nammen Age en Abe liket de Aldfryske útspraak hingjen bleaun te wêzen.

‘ae’ “misspelling”?
Der is ek wol tocht dat de skriuwwize mei ae fan dizze nammen ûntstien is troch de ûnbekendheid mei hoe’t jo in ea-lûd staverje moasten, by it ynfieren fan de nammen yn 1811. Winkler hat it yn syn Friesche Naamlijst út 1911 nammentlik oer “misspelling”. Mar it kin ek wêze dat dizze nammen al langer oerlevere binne mei ae.
It soe lykwols net ferkeard wêze as ditsoarte fan Fryske nammen no mei ‘ea’ stavere wurde soene, útsein Abe en Age, om in ferkearde útspraak foar te kommen. Sadat bygelyks Taeke Taekema, in bekende hockeyer út Amsterdam, as Teake Teakema troch it libben gean kin yn stee fan “Take Takema”.

zaterdag 13 februari 2010

Taalbaas Stavering

De stavering fan it twalûd ea

As net-Frysktaligen op in Afûk-kursus yn ’e kunde komme mei it Fryske wurdbyld, sjogge se dêr ynearsten wat nuver tsjinoan. Giet it om wurden dy’t nij foar harren binne, dan is dat hiel logysk. Mar der binne wurden dy’t yn it Hollânsk en yn it Frysk op deselde wize útsprutsen, mar ferskillend skreaun wurde. Wêrom wurdt in wurd as sfearfol net ‘gewoan’ as sfeerfol skreaun? Dat is goed út te lizzen en dat dogge de lesjouwers op dy kursussen dan ek. It giet yn sokke wurden om in twalûd (tweeklank) en dat wurdt yn it Hollânsk net oanjûn. (De ee yn zeep wurdt oars útsprutsen as yn zeer.)
Yn it Frysk kinne wy it ûnderskied tusken ea en ee lykwols net misse, want wy sille wurden as (ik) sea (Holl. ik kookte) en (de) see (Holl. de zee) dochs útinoar hâlde kinne moatte.

De net-Frysktalige fernuveret him ek oer de y yn fyts. Wêrom net ‘gewoan’ fiets? Dat hat ek wer mei in twalûd te krijen: de letterkombinaasje ie kinne wy yn fyts net brûke, want dy jout in oare klank oan, in twalûd dat yn it Hollânsk allinnich foar de r foarkomt (vier, dier, klier ensfh.).
Yn it Frysk is it ûnderskied tusken y en ie needsaaklik, want ik ryd (notiid) is hiel wat oars as ik ried (doetiid).

Trochdat ie yn it Hollânsk allinnich foar de r as twalûd útsprutsen wurdt, wylst dat yn it Frysk ek foar oare bylûden (medeklinkers) kin, binne der wurden dy’t yn de twa rykstalen op deselde wize skreaun, mar ferskillend útsprutsen wurde. Nim bygelyks de namme fan it folk sels: Friezen neame harsels gjin Frizen.

zaterdag 6 februari 2010

Taalbaas Dwers-foar-de-bek

As men berne is út Klaaifryske âlden yn it Wâldfryske Twizel, dêrnei opgroeide yn Drachten en no wennet yn Ljouwert, dan hat men hiel wat fan de wrâld sjoen en gâns meimakke. Nim no de griente dy't yn de winkel yn de fariaasjes snijboon, sperzieboon of bruine boon te keap is. Al sjogge se der allegear ferskillend út en smeitsje se elk foar oar oars, úteinlik giet it allegear om deselde soarte griente. Mar mei de nammen leit it wat dreger.

As men in miel sparrebeantsjes(want dat sizze se op 'e Klaai tsjin sperziebonen, fan Nederlânsk aspergeboon) of griene beantsjes foarset krige, wienen dat yn Twizel pûltsjes (= beantsjes yn de pûl). Wenne men yn Drachten, dan koe men dêr ek net mei beantsjes oankomme. Beantsjes binne dêr brune beane of oars wol wâldbeantsjes. En it wurd dat yn Drachten foar de sperzieboon brûkt wurdt klinkt jin wol hiel frjemd yn 'e earen: sokssawat as tesjetten, offisjeel stavere as tusearte (dat komt fan Turkske eart). En yn Ljouwert neame se griene beantsjes groene boantsjes of slaboantsjes.

Dwarse sparrebeantsjes
Rûchwei kin sein wurde dat de Nederlânske sperzieboon yn it Frysk sparrebean, slaadbean, griene bean, prinsessebean, fine bean, pûltsje of tusearte hjit. De farianten mei bean yn de namme komme it meast yn it noarden en westen fan Fryslân foar, ûnder oaren yn de túnbouhoeke. Pûltsje is de namme fan de noardlike Wâlden en tuseart dy fan de súdlike Wâlden.

Op grûn fan in frjemd uterlik wurde soms brike nammen betocht foar guon saken. Sa is fanwege syn lingte it sparrebeantsje wol betitele as dwers-foar-de-bek. En dat hat der wer ta laat dat fan immen mei in grutte mûle (letterlik of figuerlik) sein wurdt: Hy yt de sparrebeantsjes dwars.

zaterdag 23 januari 2010

taalbaas literatuer

Fan wa is it folgjende fragmint:

It ûntgie de buorfrou net. ‘Sjochst no wol? Hy hat al in frommes by him! Dy wie hjir fan ’e moarn ek al. Sjoch mar, se skaait dêr foar it rút om. Is ’t net skandalich? Dat sa’n man him net skammet. Amper is syn frou by him wei of hy slacht al mei in oaren om!’ De permanintkroltsjes skodden noch lang hinne en wer.

A. Paulus Akkerman
B. Froukje Annema
C. Riek Landman

Klik hjir foar it goede antwurd

vrijdag 15 januari 2010

Taalbaas Stavering

De stavering fan it “û”-lûd

Stavering is in kwestje fan regels en ôfspraken. Prinsipes wurde ôfpraat, mar ek de útsûnderings dêrop. It wichtichste prinsipe by talen lykas it Frysk is, dat foar elke spraakklank in teken (in letter of in kombinaasje fan letters) brûkt wurdt. Der binne talen dy’t net per klank, mar per wurdlid (lettergreep) staverje; dat skynt benammen by it lêzen tige handich te wêzen. Der binne ek talen dy’t foar elk begryp (wurd) in teken hawwe; tink oan it Sineesk.

It prinsipe fan ien klank = ien teken wurdt yn de measte talen net lang folholden. Yn it Frysk is it oe-lûd (û-lûd) dêr in foarbyld fan. Dat lûd kin lang of koart wêze, mar beide kinne se sawol mei oe as mei û stavere wurde. Foarbylden: de koeke (lang), it boek (koart), it hûs (lang) en de grûn (koart). Yn tiidwurden kin mei oe en û de tiid oanjûn wurde: ik lûk (notiid) en ik loek (doetiid). As regel krije tiidwurden yn de doetiid oe, wat betizing mei oare wurden dêr’t in û-lûd yn sit, tefoaren komt: ik sloech en ik bin slûch kinne wy sa moai útinoar hâlde.

En dan is der noch de oe as twalûd, suver altyd stavere mei oe. Dat twalûd wurdt yn it Hollânsk altyd folge troch de r, mar yn it Frysk komt it ek foar oare klanken foar. Fansels hawwe wy boer en koer, mar ek hjoed, goes, stoel en ik haw sjoen.
Wat is it dochs dreech..., mar al dy ôfwikings fan de regel(s) binne goede arguminten foar, dat it kin hast net oars.
Wa’t in oplossing wit foar ditsoarte problemen yn ús staveringssysteem, moat him mar oppenearje.

vrijdag 8 januari 2010

Taalbaas: Thús op it web

It ynternet is in machtich moai plak om wat om te sneupen. Jo kinne winkelje by de Afûk, ferdwale yn de Wikipedia en foto's sjen op Flickr. Der binne gâns nije wurden ûntstien om it ynternet hinne en homepage, (web)site, (web)page binne dêr foarbylden fan.

Website - Homepage - Webpage
De website is it plak op it web of ynternet dêr't beskate ynformaasje te finen is. It is alle ynformaasje dy't de Fryske Akademy bygelyks opslein hat efter it adres www.fryske-akademy.nl. Alles oer de Fryske Akademy (ûndersyk, útjeften, taalburo ensfh.) heart dêrby. Frysk foar website is webstee en (minder gaadlik) webstek.
De homepage is de earste side op in webstee mei keppelingen nei oare siden fan itselde webstee of nei oare websteeën. Op de homepage fan de Afûk kinne jo bygelyks klikke op kursussen om op it part mei ynformaasje dêroer te kommen. Foar homepage kinne yn it Frysk thússide, begjinside of hiemside brûkt wurde.
In webpage is in side dy't op in op it ynternet oansluten kompjûter ynladen wurdt. By Tresoar kinne jo sa de side 'Fryske skriuwers' oanklikke en besjen (elke skriuwer is ek wer in 'page'). It Frysk hat dêr wol webside foar.
De wurden (web)side en (web)site jouwe wolris betizing. Site wurdt dan brûkt as side bedoeld wurdt en oarsom. In fûstregel is: page (pagina) oersette mei side: webside, thússide, begjinside, hiemside. It Ingelske site (plak) wurdt stee: webstee.

Ynternet is anargy
De frijheid fan ynternet kin fansels ek meitsje dat jo jo neat oanlûke fan taalregeltsjes en ôfpaste wurdbetsjuttings. Brûke jo prinsipieel Fryske kompjûtertermen of brûke jo leaver Ingelsk? Of is Nederlânsk bêst genôch: lit it ús witte en reagearje hjirûner of skriftlik: Afûk Taalbaas, postbus 53, 8900 AB Ljouwert.

zaterdag 2 januari 2010

Taalbaas Stavering

Yn de earste wiken fan it jier wurdt it o sa faak sein, mar hoe moat it einliks skreaun wurde? Kies út A, B of C. In protte lok en seine.

A. lokkich neijier
B. lokkich nijjier
C. lokkich nijier

Klik hjir foar it goede antwurd