zaterdag 28 november 2009

Taalbaas Stavering

Om op pakjesjûn mei in feestlik gedicht te kommen, is it goed om te witten hoe’t de namme fan de hillige Nicolaas by ús skreaun wurde moat. Is it A, B of C?


A. Sinteklaes
B. Sinterklaas
C. Sinteklaas

Klik hjir foar it goede antwurd

maandag 23 november 2009

Taalbaas: net muoilik

It Nederlânske moeilijk hat neffens Van Dale fjouwer betsjuttings:

1. aanleiding gevend tot bezwaren, last, die men moet overwinnen;
2. moeite of inspanning vereisend, alleen met moeite, met inspanning volbracht of gedaan kunnende worden;
3. (in ’t bijzonder) veel inspanning van het verstand vergend;
4. lastig, vervelend, onhandelbaar.

Dy fjouwer betsjuttings besteane yn it Frysk ek, mar moeilik is gjin Frysk. Wat wol yn de wurdboeken stiet is muoilik, mar dat wurd past net by de neamde betsjuttings. En dêrmei begjinne de swierrichheden, want wat is dan wol goed Frysk foar it Nederlânske moeilijk. En wat is muoilik dan as it net moeilijk is? Muoilik kin foar de betsjutting ‘oandien, treurich, fertrietlik, drôvich’ brûkt wurde. Tink oan: Hja wurdt elke kear wer muoilik as se it oer har ferstoarne mem hat.

Wat is moeilijk?

Yn it Frysk kinne wy foar de boppeneamde betsjuttings wurden brûke as dreech, slim, swier, lestich, mar net altyd en yn elke betsjutting. Dêrom as yllustraasje in rychje foarbylden by elke betsjutting. In foarbyld fan gebrûk yn betsjutting 1 is moeilijke tijden dat oerset wurde kin as drege tiden. En: een moeilijk geval is yn it Frysk in slim gefal.

By betsjutting 2 kin in foarbyldsin as een moeilijke bevalling oerset wurde as in swiere befalling. Van moeilijk werk kin dreech wurk makke wurde (en net swier wurk!). En as it ferstân derby moat om de swierrichheden te oerwinnen (betsjutting 3): moeilijke sommen binne drege, slimme sommen. En dat is mij te moeilijk wurdt oerset as dat is my te dreech.
En by betsjutting 4: een moeilijk karakter is in lestich karakter en moeilijke kinderen wurdt lestige bern.

Doe niet zo moeilijk
Ta beslút in slimme (of dochs net al te drege?) fraach: hoe soenen jo doe niet zo moeilijk oersette yn it Frysk?

zaterdag 14 november 2009

Taalbaas Nammekunde

Wat is de betsjutting fan dizze foarnamme? Kies út trije mooglikheden.
Dieuwke

A. Is ôflaat fan de Romeinske goadinne Diana, de goadinne fan de moanne, it ljocht en de jacht;

B. Komt fan de Aldfryske wurden ‘thiad’ (folk) en ‘werand’ (de persoan dy’t warret, ferdigenet);

C. Hat te krijen mei it Fryske tiidwurd ‘djoeie’ dat ‘oangean’, ‘bolbjirken dwaan’ betsjut of ‘jachtsje troch tyldriftige manlike bisten’.

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 7 november 2009

Taalbaas Stavering

Yn ’e Fryske stavering jouwe oe en u gauris problemen. Moat der op de u no in skerpteken (streekje) of in kapke (dakje)? Hokker fan de trije wurden hjirûnder is goed stavere?

A. pûrbêst
B. poerbêst
C. púrbêst

Klik hjir foar it goede antwurd