zaterdag 19 december 2009

Taalbaas stavering

Oft de e koart (pet) of lang (bêd) útsprutsen wurde moat, wurdt oanjûn mei in kapke. Mar net altyd. Hjirûnder in eigenaardich gefal. Wat is de goede skriuwwize?

A. it hat fannacht fersen
B. it hat fannacht ferzen
C. it hat fannacht fêrzen

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 12 december 2009

Taalbaas Stavering

In wurd fan Latynsk komôf wurdt in frjemd wurd neamd. Mar frjemde wurden kinne eigen wurde en kinne dan in Fryske skriuwwize krije. Hokker fan de trije wurden hjirûnder hat de goede Fryske skriuwwize?

A. atfysburo

B. adfysburo

C. advysburo

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 5 december 2009

Taalbaas Nammekunde

Wat is de betsjutting fan dizze manljusnamme? Kies út trije mooglikheden.

Sint

A. Komt fan it Germaanske Sindbald mei de betsjutting “kriichshaftich op reis”. En Sindbald giet tebek op Aldgermaansk sind dat reis betsjut en Aldgermaansk bald dat dapper betsjut;

B. Is in ferkoarting fan de namme Vincent, yn Nederlân meast as Cent of Sent oerlevere en yn Fryslân as Sint. Hat te krijen mei Latynsk vincere dat oerwinne betsjut;

C. Is in ferkoarting fan de namme Sint Nikolaas, de biskop fan Myra yn de fjirde ieu, dy’t yn de rin fan de ieuwen as hillige fereare waard as beskermer fan bern, dêr’t ús sinteklazefeest út fuortkommen is.

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 28 november 2009

Taalbaas Stavering

Om op pakjesjûn mei in feestlik gedicht te kommen, is it goed om te witten hoe’t de namme fan de hillige Nicolaas by ús skreaun wurde moat. Is it A, B of C?


A. Sinteklaes
B. Sinterklaas
C. Sinteklaas

Klik hjir foar it goede antwurd

maandag 23 november 2009

Taalbaas: net muoilik

It Nederlânske moeilijk hat neffens Van Dale fjouwer betsjuttings:

1. aanleiding gevend tot bezwaren, last, die men moet overwinnen;
2. moeite of inspanning vereisend, alleen met moeite, met inspanning volbracht of gedaan kunnende worden;
3. (in ’t bijzonder) veel inspanning van het verstand vergend;
4. lastig, vervelend, onhandelbaar.

Dy fjouwer betsjuttings besteane yn it Frysk ek, mar moeilik is gjin Frysk. Wat wol yn de wurdboeken stiet is muoilik, mar dat wurd past net by de neamde betsjuttings. En dêrmei begjinne de swierrichheden, want wat is dan wol goed Frysk foar it Nederlânske moeilijk. En wat is muoilik dan as it net moeilijk is? Muoilik kin foar de betsjutting ‘oandien, treurich, fertrietlik, drôvich’ brûkt wurde. Tink oan: Hja wurdt elke kear wer muoilik as se it oer har ferstoarne mem hat.

Wat is moeilijk?

Yn it Frysk kinne wy foar de boppeneamde betsjuttings wurden brûke as dreech, slim, swier, lestich, mar net altyd en yn elke betsjutting. Dêrom as yllustraasje in rychje foarbylden by elke betsjutting. In foarbyld fan gebrûk yn betsjutting 1 is moeilijke tijden dat oerset wurde kin as drege tiden. En: een moeilijk geval is yn it Frysk in slim gefal.

By betsjutting 2 kin in foarbyldsin as een moeilijke bevalling oerset wurde as in swiere befalling. Van moeilijk werk kin dreech wurk makke wurde (en net swier wurk!). En as it ferstân derby moat om de swierrichheden te oerwinnen (betsjutting 3): moeilijke sommen binne drege, slimme sommen. En dat is mij te moeilijk wurdt oerset as dat is my te dreech.
En by betsjutting 4: een moeilijk karakter is in lestich karakter en moeilijke kinderen wurdt lestige bern.

Doe niet zo moeilijk
Ta beslút in slimme (of dochs net al te drege?) fraach: hoe soenen jo doe niet zo moeilijk oersette yn it Frysk?

zaterdag 14 november 2009

Taalbaas Nammekunde

Wat is de betsjutting fan dizze foarnamme? Kies út trije mooglikheden.
Dieuwke

A. Is ôflaat fan de Romeinske goadinne Diana, de goadinne fan de moanne, it ljocht en de jacht;

B. Komt fan de Aldfryske wurden ‘thiad’ (folk) en ‘werand’ (de persoan dy’t warret, ferdigenet);

C. Hat te krijen mei it Fryske tiidwurd ‘djoeie’ dat ‘oangean’, ‘bolbjirken dwaan’ betsjut of ‘jachtsje troch tyldriftige manlike bisten’.

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 7 november 2009

Taalbaas Stavering

Yn ’e Fryske stavering jouwe oe en u gauris problemen. Moat der op de u no in skerpteken (streekje) of in kapke (dakje)? Hokker fan de trije wurden hjirûnder is goed stavere?

A. pûrbêst
B. poerbêst
C. púrbêst

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 24 oktober 2009

Taalbaas Stavering

As jo fan in Frysk wurd fakernôch de Hollânske wjergader hearre, witte jo op ’t lêst net mear wat de krekte lûding en foarming yn it Frysk is. Hoe sit it? Is it A, B of C?

A. (de besette) gebieten
B. (de besette) gebieden
C. (de besette) gebiden

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 17 oktober 2009

Taalbaas Literatuer

Fan wa is it folgjende fragmint:

It ûntgie de buorfrou net. ‘Sjochst no wol? Hy hat al in frommes by him! Dy wie hjir fan ’e moarn ek al. Sjoch mar se skaait dêr foar it rút om. Is ’t net skandalich? Dat sa’n man him net skammet. Amper is syn frou by him wei of hy slacht al mei in oaren om!’ De permanintkroltsjes skodden noch lang hinne en wer.

A. Paulus Akkerman
B. Froukje Annema
C. Riek Landman

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 10 oktober 2009

Taalbaas stavering

Yn ’e Fryske stavering komme in protte stomme letters foar. Letters dy’t net (of net mear) útsprutsen wurde. Moatte dy letters yn it wurd hjirûnder no àl of nèt skreaun wurde? Wat is de goede skriuwwize: A, B of C?


A. hjerstmoanne

B. hjestmoanne

C. jestmoanne

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 3 oktober 2009

Taalbaas: spoeddebatten

Spoeddebatten

'Spoeddebat oer Suderseespoar', koe men okkerjiers lêze op it webstee fan Omrop Fryslân (19-11-2007). Wringt it dan by jo ek wat? Net omdat it Suderseespoar der net komt, mar om't der wat is mei spoeddebat. Spoed is Nederlânsk en der soe eins in Frysk wurd brûkt wurde moatte. Mar is dat der wol?

By spoeddebat giet it om in debat yn de Provinsjale Steaten of Twadde Keamer dat mei hasten hâlden wurde moat en dêr't in bestjoerder yn útlis jaan moat oer it belied. Yn it Frysk kin maklik in wurd makke wurde dat past by dy betsjutting. De swierrichheid is dat it Nederlânsk al in wurd foar sa'n debat hat. En foardat in Fryskprater sels wat betinke kin, wurdt him al in Nederlânsk alternatyf oanrikt. Dat is maklik, effisjint en elk begrypt wat der bedoeld wurdt.


haastige spoed

Mar wat as bygelyks taalbewuste sjoernalisten wol in Frysk wurd brûke wolle foar spoeddebat? Dan soe der in saneamde lienoersetting makke wurde kinne. De parten dêr't in 'frjemd' wurd út opboud is, wurde dan oerset yn it Frysk. Spoeddebat bestiet út spoed en debat. No jout debat net folle swierrichheden: dat bestiet al lang yn it Frysk en is ûntliend oan it Frânsk. Spoed betsjut hjir 'snelle voortgang, snelheid van handelen'. It giet der by spoeddebat dus om dat der haast makke wurdt mei it hâlden fan it debat. It leit foar de hân dat hjir dan haastdebat brûkt wurdt. Omrop Fryslân brûkt dat sels: Trije politike partijen yn Provinsjale Steaten wolle in haastdebat oer de ferkeap fan de Fryske oandielen yn Nuon (30-1-2009). En no komt de klû: haastdebat bestiet ek yn it Nederlânsk. Yn de ynternetedysje fan De Volkskrant fan 20-10-2007 stiet 'In het door GroenLinks aangevraagde haastdebat werkte de Haagse clichémachine op volle toeren'. Konklúzje: Haastige spoed is zelden goed.

zaterdag 26 september 2009

Taalbaas Stelling

Slach by Warns net mear betinke?

Alle jierren wurdt ein septimber op it Reaklif de Slach by Warns betocht. Dy slach wie op 26 septimber 1345. Yn dy tiid wie Fryslân as útsûndering yn West-Europa frij fan greeflik gesach. Yn oare lannen hienen de greven as fertsjintwurdigers fan de Dútske keizer har macht mear fêstige en útwreide. Yn de Fryske lannen tusken Sudersee en Wezer wie dat krekt oarsom. Yn 1345 woe de greve fan Hollân dêrom syn macht útwreidzje oer Fryslân. De Friezen hienen dat oankommen sjoen: syn leger waard by Starum (net Warns) troch in legerke Friezen opwachte en ynmakke.

De Friezen tsierden mei troch it ûntbrekken fan eigen sintraal gesach dêrnei gewoan troch, sadat der fan selsstannigens al gau net folle mear oerbleau. De Slach wurdt betocht út de idee dat Fryslân syn frijheid justjes langer as oaren behâlde koe.


Dêrom de neikommende stelling: “It hat gjin doel om de Slach by Warns te betinken”. Mei iens/net mei iens?



Reaksjes kinne ek stjoerd wurde nei
http://taalbaas.blogspot.com/.
of Afûk Taalbaas, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert

zaterdag 19 september 2009

Taalbaas: nammekunde

Warns:

A Komt fan it Fryske tiidwurd jin ferwarje nei oanlieding fan de slach by Warns dy’t dêr plak fûn hat.

B Komt fan de persoansnamme Ward en Aldfrysk –ingi. Warns betsjut dan folk fan Ward.

C Komt fan de persoansnamme Ward en it wurd ‘loo’, dat boskje betsjut. Warns betsjut dan boskje fan Ward.

Klik hjir foar it goede anturd

zaterdag 12 september 2009

Taalbaas Stavering

Lûden (klanken) kinne koart en lang wêze, mar der binne ek twalûden. It is net altyd dúdlik hoe’t dat yn de stavering oanjûn wurde moat. Hokker fan de trije wurden hjirûnder is goed stavere?

A. figuur
B. figúr
C. figuer

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 5 september 2009

Taalbaas Stavering

Yn de gearstalling hjirûnder (skiep en wol binne ta in nij wurd gearfoege) kin de brekking (feroaring fan útspraak) oanjûn wurde, mar moat dat wol? En hoe dan? Wat is de goede skriuwwize, A, B of C?


A. skjippewol

B. skieppewol

C. skiepewol

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 29 augustus 2009

Taalbaas Earmetakke útdiele

Yn in fuotbalwedstriid krige in spiler read om't er in earmtakke útdield hie. Fuotballers diele blykber mear as allinne hantekenings út. Yn it Frysk Hânwurdboek stiet by útdiele: '(fan in hoemannichte, foarried) oan elk fan in tal persoanen in diel jaan'. As dat tapast wurdt op earmtakken útdiele, komt it net goed. Wat yn it wurdboek stiet is net ferkeard, mar kin net tapast wurde op in earmtakke útdiele. De fuotballer hat gjin foarried earmtakken en hy jout oan mar ien oare spiler in 'hiele' earmtakke en net in diel dêrfan. En nei't er him útdield hat is de oare fuotballer ek net yn it besit kommen fan de earmtakke fan de útdieler. De betsjutting fan útdiele is dus breder as wat yn it wurdboek stiet.

It útdielen yn ús foarbyld giet fierder: it giet net mear om 'ompartsjen oan elk út in foarried', mar om 'jaan, skinken'. As útdielen ienkear dy útwreiding fan betsjutting krigen hat, kinne der neist konkrete saken as jild, folders, rekkenboekjes ek minder materiële dingen útdield wurde: boetes, bonnen en bekeurings, oarders of straffen. En noch figuerliker: in politikus dy't de swarte pyt útdielt. En de siswize: de lekkens útdiele (alles regelje, te sizzen hawwe, de baas wêze). Dat earmtakken útdield wurde kinne, sil úteinlik wol komme fan in klap, stomp (mei de earmtakke) jaan, útdiele.
Der is in siswize: Hy stie by it útdielen efter de doar (hy hat net folle ferstân meikrigen). De konklúzje kin wêze dat men by it útdielen fan earmtakken better efter de doar stean kin en dat de útdieler net folle ferstân meikrigen hat.
Kin in earmtakke útdiele neffens jo yn it Frysk? En sa net, hoe sizze wy it oars?

zaterdag 22 augustus 2009

Taalbaas Stavering

As twa wurden gearfoege wurde ta in gearstalling, kin de útspraak fan (ien fan) dy twa parten feroarje. Dat is oan de stavering soms àl en soms nèt te sjen. Hokker fan de trije wurden hjirûnder is goed stavere?

A. hjelier
B. healier
C. healjier

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 15 augustus 2009

Taalbaas Nammekunde

Wat is de betsjutting fan dizze foarnamme? Kies út trije mooglikheden.

Piter:
A. Komt fan it Nederlânske peter dat betsjut: bern dêr’t de doopbelofte foar ôflein is.
B. Is ôflaat fan Petrarca: in Italjaanske dichter út de 14e ieu, dy’t bekend wie om syn leafdesdichtkeunst.
C. Komt fan de namme fan de apostel Petrus.

Klik hjir foar it goede antwurd

dinsdag 11 augustus 2009

Taalbaas Stavering

Foar it tiidwurd hjirûnder hat it Frysk ek weibringe of weislepe en dat betsjut kwytreitsje. Yn it Hollânsk wurdt verliezen sein, mar it Fryske ferlieze wurdt it meast brûkt by bygelyks in wedstriid of in stjergefal. Wat is de goede skriuwwize: A, B of C?

A. weitoagje
B. weitôgje
C. weitôchje

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 1 augustus 2009

Taalbaas Brûsplak, fringelsk en bierljeppe

Yn in libbene taal ûntsteane alle dagen nije wurden. Brûsplak (plak dêr't it 'brûst' fan nije inisjativen op it mêd fan keunst en kultuer) is sa'n nij wurd of neologisme. En fan in jier as tsien lyn binne wurden as tegeltsjebrêge (brêge mei tegelfoto's fan alvestêderiders) en bearenburchmuseum. En yn of fuort nei de Twadde Wrâldoarloch waarden wurden as jeep, jerrycan en tommy opnaam yn it Frysk. Sa'n hûndert jier lyn wienen wurden as radio en film krekt nij.
Der binne ek nije wurden dy't makke wurde troch twa bekende wurden gear te foegjen of oaninoar te plakken en dêrby wurdt op syn minst in stik fan ien fan dy wurden weilitten. In foarbyld is brunch, dat makke is fan breakfast en lunch (-eakfast en de l fan lunch binne weilitten). Oare foarbylden fan soksoarte fan nijfoarmingen ofwol portemanteaus, binne infotainment, Bollywood, webcam en ambutaxi.
Fryske foarbylden fan portemanteaus binne Fringelsk, dat makke is út Frysk en Ingelsk en betsjut 'Frysk mei Ingelske wurden deryn'. Krekt sa'n wurd is Frollânsk (fan Frysk - Hollânsk): 'Frysk mei Hollânske wurden deryn'. Dan is der noch teatsen as gearlûking fan keatsen en tennis (in sport dy’t yn Wergea útfûn is: keatse mei tennisrackets). Fierders kin ek tocht wurde oan prakketinke (fan prakkesearje en neitinke), dat ek wol wat hat fan in kontaminaasje om't it opboud is út twa wurden dy't synonym binne.

Meitsje se sels!
Dit soarte nije wurden kinne samar ûntstean of makke wurde. Kenne jo foarbylden fan sokke wurden of portemanteaus, dan hearre wy dat graach. Nije, kreative portemanteaus binne ek wolkom. Om jo wat op wei te helpen folget hjir in (ûnsin)foarbyld: bierljeppe 'fierljeppe oer in sleat mei bier'. It wurd is oan jo!

zaterdag 25 juli 2009

Taalbaas Stavering

It yn letters skriuwen fan it telwurd hjirûnder is net ienfâldich. Hoe sit it mei de d’s en de t’s? Net allinnich it skriuwen jout problemen, mar yn de sprektaal heart men it ek gauris ferkeard. Hokker fan de trije wurden hjirûnder is goed stavere?

A. hûnderdtûzend
B. hûnderttûzent
C. hûnderttûzen

Klik hjir foar it goede antwurd

dinsdag 21 juli 2009

Taalbaas Literatuer

Fan wa binne dizze dichtrigels:

“Wy binn’ de humus foar takomstige geslachten,
Strui ús mar oer de ierde, traapje ús mar plat,
Lykwols, ferjit net dat jim bloeiende gedachten
Ut ús de libbenskrêften sûgen fan har lot.”

Fan:
A. Sjoerd Spanninga
B. Gerben Brouwer
C. Marten Sikkema

Klik hjir foar it antwurd

maandag 13 juli 2009

Taalbaas Stavering

De útspraak fan de letterkombinaasje ea is ôfwikseljend it delgeand twalûd lykas yn bear (Hollânsk beer) en it opgeand twalûd lykas yn beammen (útspraak: bjemmen). Dy twa ferskillende twalûden soargje foar in staveringsprobleemke.
Hokker fan de neikommende foarmen is goed stavere?

It goede antwurd is te finen op side .. .

A. allegearre
B. allegjerre
C. allegeare

Klik hjir foar it Antwurd

zaterdag 27 juni 2009

Taalbaas Stavering

De meartalsfoarmen fan de wurden man en frou foarmje in wurdpear mei in hast gelikense lûding (útspraak). De iene is manlju (mei in nasale n), mar hoe skriuwe wy dy oare?
Is A, B, of C hjirûnder goed stavere?



A. frôlju
B. froalju
C. froulju

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 20 juni 2009

Nammekunde: Akkrum

Wat is de betsjutting fan dizze plaknamme? Kies út trije mooglikheden.

Akkrum:
A Komt fan twa manlju dy’t yn earder tiden mei it graven fan de Boarn oan de gong wienen en murken doe’t se achterom seagen dat de Boarn krom wie en rôpen doe: Ah... krom!
B De namme is nei alle gedachten ôflaat fan it Aldfryske ake (betsjutting: fiskdaam) mei de meartalsútgong –en of –um. Akkrum betsjut dan: by de fiskdammen.
C Komt fan it Aldfryske Akringaheem, letter wurden ta Akkrum, in namme op –um, lykas der mear yn Fryslân binne. It betsjut dan ‘heem’ (wenplak) fan de Akringa’s.

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 13 juni 2009

Taalbaas: Poezen en katten

Poezen, katten
Op syn webloch skreau FNP-steatelid Johannes Kramer lêsten dat Jannewietske de Vries en Marianne van Hall listpoezen wienen. Hy doelde dêrby op it ferskynsel dat froulju mei in 'positive en sjarmante útstrieling' op in ferkiezingslist steane om mear stimmers te lûken. Hy yntrodusearre dêrmei in nij Frysk wurd: listpoes, of wol 'in frou dy't op in ferkiezingslist stiet fanwege har oantreklikheid en útstrieling'.

Poes?
Poes betsjut ek 'oantreklike jonge frou' en lit him maklik kombinearje ta nije wurden. Yn it Nederlânsk bestiet glamourpoes, pitspoes, sekspoes, stoeipoes. Allegear jonge froulju dy't yn relaasje ta har funksje, fanwege har kreazens en seksuele oantreklikheid poes neamd wurde.
Yn it Frysk hawwe wy likegoed poezen. Joost Halbertsma skriuwt yn 1872: "Di deale, hwat is poes moai". En Anne Wadman seit: "In moaie, aardige en wol leave, hertlike frou, mar gjin Cleopatra, of Pompadour, sels gjin Happy Hooker, ... Dit wie in gesellich spinnende bêdpoes" (Yn Adams harnas, side 163).

Kat?
Poezen roppe positive assosjaasjes op en katten negative. En dat wylst it om itselde bistje giet, en - tapast op minsken- om itselde geslacht. Poes is mear in sêfte, freonlike beneaming, wylst kat fûle, rôfdiereftige oantinkens yn jin wekker ropt. Roppe je it bistje yn 'e hûs, dan is it "poes-poes, wêr biste?", jeie je it dierke fuort, dan is it: "jou dy ôf, kat!".
Dat ferskil tusken kat en poes falt ek op by gearstallingen mei dy twa wurden. Dy mei poes binne almeast posityf en ferwize meast nei oantreklike froulju. Dy mei kat ferwize nei fûlens, wyldens, kringigens. Yn it Nederlânsk fine wy krabbekat, slenterkat, studentenkat, yn it Frysk wyldekat.

Manlju?
It gong yn dit stikje om poezige of kattige oantsjuttingen foar in frou. Mar hoe sit it mei manlju, as it giet om spesifyk manlike eigenskippen?
Reagearje hjirûnder!

zaterdag 6 juni 2009

Taalbaas stavering

De letters v en z komme yn it Frysk net foar oan it begjin en oan ’e ein fan in wurd. Mar hoe komt it mei dy letters yn ’e midden fan in wurd?
Hokker fan de neikommende foarmen is goed stavere?

A. fervedoaze
B. ferfedoase
C. ferfedoaze

Klik hjir foar it antwurd

zaterdag 30 mei 2009

Nammekunde Harns

Wat is de betsjutting fan dizze plaknamme? Kies út trije mooglikheden.

Harns:
A Komt fan de persoan Jouke Harliga, dy’t hear wie fan Harliga State.
B Komt fan Aldfrysk Horne-Nes, dat útstekkende punt (nes) op de hoeke (horne) betsjut. Tink ek oan de Hoarnestreek boppe Harns.
C Komt fan Aldfrysk Harlingi, dat it folk fan Harilo betsjut.

Klik hjir foar it antwurd

zaterdag 23 mei 2009

Stavering

By it skriuwen fan tiidwurdsfoarmen jilde ferskate regels. It giet om de útspraak, mar ek om de tiidwurdsferbûging en staveringsregels.
Yn hokker fan de trije sinnen hjirûnder is de tiidwurdsfoarm goed stavere?

It goede antwurd is te finen op side .. .

A. Wy praatten juster mei har.
B. Wy praten juster mei har.
C. Wy prate juster mei har.

Klik hjir foar it antwurd

dinsdag 28 april 2009

Stavering

Yn ferliking mei it Hollânsk jout de stavering fan it Frysk wat mear de útspraak fan de wurden oan. Mar dat betsjut net dat de Fryske stavering allinnich mar op de útspraak basearre is.
Hokker fan de neikommende foarmen is goed stavere?

A. examen
B. eksamen
C. eksamun


Klik hjir foar it antwurd